'Hjir einiget de earedivyzje' lit Nieuw Noord mei buordsjes by de dyk witte

'Hjir einiget de earedivyzje' © Nieuw Noord | PS&B Mediagroep
Supportersgroep Nieuw Noord fan sc Hearrenfean wriuwt mei in ludike aksje Cambuur en Grins noch efkes yn dat se degradearre binne en Hearrenfean noch de iennige earedivyzjeklup fan it Noarden is.
Se skriuwe yn in tweet dat de provinsje Fryslân kontent is mei de degradaasjes fan de klups: "Twee in één is uniek."
By it berjocht stean foto's fan buorden op de grins fan Fryslân en Grinslân en by it akwadukt fan Grou. Mei dêrop de iene kant op eardivyzje en de oare kant op in streek dertrochhinne.
Se skriuwe derby dat 'in wurdfierder fan de provinsje Fryslân' witte lit dat de buorden bedoeld binne foar de dúdlikens oer wêr't yn it noarden fan Nederlân noch wol earedivyzjefuotbal belibbe wurde kin. En dat is op It Hearrenfean. "Wij kunnen ons voorstellen dat het voor alle clubs even wennen zal zijn."
'Verboden te keren' by de útfakken fan de earstedivyzjeklups © Nieuw Noord | PS&B Mediagroep
Fierder binne by alle útfakken fan de earstedivyzjeklups buorden ophongen om SC Cambuur en FC Groningen wolkom te hjitten.
Neffens de supporters fan Hearrenfean binne de earstedivyzjeklups der wiis mei dat SC Cambuur en FC Grins werom binne en wolle se harren graach wer ûntfange. Op 9 maart makke de plysje bekend gjin supporters fan beide klups mear begeliede te wollen.