SC Cambuur kin sc Hearrenfean oan play-offticket helpe: dit binne de senario's

© Orange Pictures
As sc Hearrenfean it snein sels ferprutst, kin Cambuur de ploech fan Kees van Wonderen dochs noch oan mooglik Europeesk fuotbal helpe.
It seizoen kin nei snein dien wêze foar sc Hearrenfean, mar yn it ideale senario spilet de ploech dêrnei noch fjouwer wedstriden. Dat is nedich om foar it earst sûnt 2012 Europeesk fuotbal te spyljen.
De nûmers fiif oant en mei acht yn de earedivyzje stride fan kommende tongersdei ôf yn de play-offs om ien Europeesk ticket. Twente, Sparta en Utrecht binne al wis fan dy play-offs, mar foar it lêste plak binne der noch trije kandidaten.
De stân yn de earedivyzje op dit stuit © Omrop Fryslân
Hearrenfean stiet der fan dy trije it bêste foar, mei 43 punten. Dêrnei komt RKC mei 41 en Go Ahead Eagles mei 40. Kommende snein spilet Hearrenfean thús tsjin Go Ahead Eagles. By winst binne de Friezen wis fan de play-offs, by ferlies is it seizoen foarby.
In lykspul kin ek genôch wêze foar de play-offs, mar dan mei RKC net mei twa goals of mear ferskil winne fan SC Cambuur.
Mocht Hearrenfean de play-offs helje, dan is Twente de earste tsjinstanner. Dy ploech einiget dit seizoen as fiifde. Yn twa wedstriden, op 1 en 4 juny, wurdt bepaald wa't him foar de finale fan de play-offs pleatst.
By dy wedstriden telle útdoelpunten net dûbeld. Mocht de stân oer twa wedstriden lyk wêze, dan komt der in ferlinging en eventueel strafskoppen.
It skema foar de play-offs foar Europeesk fuotbal © Omrop Fryslân
De oare finalist komt út it treffen tusken Sparta en Utrecht. De finale bestiet opnij út twa wedstriden, dy't ynpland steane op tongersdei 8 en snein 11 juny. De úteinlike winner pleatst him foar de twadde kwalifikaasjeronde fan de Conference League. De lotting dêrfan is op 21 juny, de wedstriden op 27 july en 3 augustus.
It is dus noch in lang trajekt foar Hearrenfean, mar as dat mei sukses ôfrûne wurdt, spilet de ploech foar it earst sûnt it seizoen 2012/2013 Europeesk fuotbal. Doe waarden de Friezen yn de play-offs útskeakele troch it Noarske Molde FK.