Bauke de Jong ferrast mei persoanlik rekôr by fierljeppen yn Burgum

Bauke de Jong © Dijks Media
Bauke de Jong hat de ljepperij yn Burgum wûn. De Jong sprong mei 20,69 meter in nij pr. It wie foldwaande foar de oerwinning.
De Jong bedarre earst twa kear yn it wetter en dus moast it yn de lêste foarrondesprong barre. Dat slagge mei 20,69 meter sette hy de konkurrinten fuort op in gat.
De fierste sprongen fan De Jong, Van der Wal, Galama en Kramer
Yn de finale besochten Sytse Bokma, Ysbrand Galama, Oane Galama en Freark Kramer noch wol oer de ôfstân fan De Jong hinne te kommen, mar dat slagge net. De measten namen safolle risiko dat se yn it wetter bedarren.
"Ferline jier helle ik 20,10 meter, en no 20,69. Dat hie ik net ferwachte", seit in blide Bauke de Jong. "Myn doel wie de 20.50 te heljen. No dan mar op nei de 21 meter."
Winner Bauke de Jong wie út 'e skroeven
Mei 20,68 meter kaam Ysbrand Galama noch wol hiel tichteby, mar it wie ien sintimeter te min. Freark Kramer wie tredde mei 20,57 meter. De Jong nimt de lieding oer yn it klassemint.

Van der Wal wint by de froulju

By de froulju sprong Marrit van der Wal it fierst. Sy kaam ta in ôfstân fan 17,29 meter. Dêrmei wie de marzje op de nûmer twa, Marije Reitsma, grut. Mei 15,10 meter sette sy wol in nij persoanlik rekôr del.
"Ik siet lekker yn de stok en fielde my goed hjoed", seit Van der Wal. "17,29 meter is in moaie ôfstân. Hy telt dan wol net foar it klassemint, mar hy stiet dochs mar moai."

Lêste seizoen

"Ik fernim dat de atletyktraining dy't ik doch helpt. En ik fyn it fijn om allinne op saterdeis te springen. Want myn technyk is net sadanich dat ik lekker lân. Dêr krij ik dan lêst fan", seit Van der Wal, dy't dwaande is oan har lêste seizoen. "Yn 2014 helle ik it earste frouljusrekôr. Aanst sit ik tsien jier yn de top en hat it moai west."
Marrit van der Wal wûn by de froulju
Hanneke Westert waard tredde mei 14,54 meter.

Haanstra, De Jong en Bouwman winne

Rutger Haanstra wie mei 19,59 meter de bêste by de junioaren. Hy hold Germ Terpstra (19,05 meter) en Riemer Durk Krol (18,49 meter efter him). Foar Wisse Broekstra wie it in minne dei. Hy degradearre út de top-acht en by de lêste sprong stjitte hy ek noch syn tean, wêrtroch't er nei it sikehûs moast.
By de jonges pakte Djurre de Jong de oerwinning. Nei de foarronde stie hy noch efter op Brent Monsma (16,40 meter), mar yn syn lêste finalesprong gie De Jong dêr noch oerhinne: 16,74 meter.
Inez Bouwman wie de bêste by de famkes. Har 13,64 wie in kreas persoanlik rekôr en genôch om Lisanne de Jong en Jeltske Terpstra foar te bliuwen.