Oerwurk Maartenstsjerke 50 jier nei ûngelok werom yn Kollum

Jacqueline Brauwers © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It oerwurk fan de Maartenstsjerke yn Kollum is nei 50 jier werom yn de tsjerke. It oerwurk rekke yn de jierren '70 skansearre en is dêrnei op it gemeentehûs bewarre bleaun.
"Tink om de holle hear", seit Jacqueline Brauwers fan de Stichting Erfgoed Kollumerland, dy't de toer fan de Maartenstsjerke beheart. Brauwers rint in houten trep op en iepenet in lûk nei de earste ferdjipping. Wylst sy de planken yn de toer op rint, komt sy by it âlde oerwurk fan de tsjerke út.
"Sjochst gewoan de gatten noch sitten", seit Brauwers wylst sy de toskjes fan it oerwurk rjocht set. "Hy docht it net mear, mar it giet ek om it ferhaal derefter. Dit is gewoan skiednis dat ta libben komt."
Oerwurk Maartenstsjerke nei 50 jier werom yn Kollum
It oerwurk is yn de jierren '70 skansearre rekke. De gewichten fan de klok foelen nei beneden ta. "Dat hat in gigantyske klap west. De koster stie hjir de klok op te winen en ynienen kaam dat gewicht nei beneden. Dwers troch it oerwurk hinne en de koster hat it waaien field. Dat wie in hiel barren, mar gelokkich wie de koster net ferwûne. It oerwurk is doe ferfongen troch in elektroanyske klok en is eins wat ferjitten rekke."
It skansearre oerwurk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It oerwurk is dêrnei op it gemeentehûs bedarre. Dochs woene de gemeente en it bestjoer fan de tsjerke de klok werom ha nei de Maartenstsjerke. "Hy moat werom nei hûs", seit wethâlder Aant-Jelle Soepboer. Hy is hjoed de earste gast dy't nei it werompleatsen fan it oerwurk komt te sjen.
"Dit is de skiednis en dit fertelt it ferhaal fan dizze tsjerke. Der hat yn al dy iuwen in soad te dwaan west en dus wolle je eltse foarm fan skiednis hjir hâlde."
Publyk mei it oerwurk ek besjen.