Sportfiskers telle út de loft wei: In goede fangst

170 boaten mei fiskers hawwe sneon aktyf west op de Fryske boezem. Sportvisserij Nederland telt dit jier twa kear yn de moanne om dúdlikens te krijen oer it tal fiskers dat aktyf is. Dat ha se earder yn 2013 ek alris dien.
Troch de data út beide jierren te fergelykjen kin sa dúdlik wurde wat de ekonomyske wearde is fan de sportfiskerij. "Mar ek wêr't de measte minsken aktyf binne en wêr net', seit Pyt Achenbach fan Sportfiskerij Fryslân.
"Wêr't we tsjinoan rinne, is plakken dy't min te berikken binne. Oan de hân fan sa'n ûndersyk kinne je sjen oft je miskien in trailerhelling oanlizze moatte of fiskstegers."

Sportvisserij Nederland docht it ûndersyk foar de twadde kear. "In 2013 kwamen we uit op zo'n 50.000 mensen die hier jaarlijks komen vissen. Dat was wat aan de lage kant dachten wij toen", seit projektlieder Roland van Aalderen. "De hele sportvisserij is toegenomen de afgelopen jaren. Dus het ziet er wel naar uit dat het toegenomen is."
Drok op de Fluezen
It is net yn it foar te sizzen wêr't de measte fiskers omfarre. Is it rêstich by de Leien, op it Lauwersmar tilt it op fan de boatsjes. Achenbach: "It rôffiskseizoen is hjoed úteinset. Dan sjogge je wer oare fiskers op it wetter." Lâns in oantal kanalen binne fiskwedstriden organisearre.
Sportfiskers telle út de loft wei
Op en lâns de Fluezen is it ek drok. Op de mar sels leit in tsiental boaten. Mar ek ûnder de brêge fan de A6 ha tal fan sportfiskers de angel útlein. Achenbach: "Ik hie al ferwachte dat hjir in soad binne." Der sitte faak Dútsers. "We binne lêst delgien foar kontrôle en se hienen alle papieren goed op oarder."
In jier lang
Oant de ein fan it jier wurdt it projekt ôfsletten. Van Aalderen: "Dan kunnen we een schatting maken van wat alle cijfers betekenen voor het jaarbezoek. Daar zijn we uiteindelijk naar op zoek."