Boargemaster Buma oer fjochtpartij yn Ljouwert: "Dit waren criminele groepen"

Sybrand Buma oer 'buitensporig geweld' yn Ljouwert
By de massale fjochtpartij by it stasjon fan Ljouwert wiene kriminele groepen belutsen, dy't sizze supporter fan Cambuur en Hearrenfean te wêzen. Dat fertelt boargemaster Sybrand Buma. "Dit was georganiseerd geweld."
De persoanen yn kwestje meie him neffens Buma dan wol fans neame, mei fuotbal hat de fjochtpartij neat te krijen, jout er oan. "Wat er vrijdagavond gebeurde, is volstrekt crimineel gedrag. Een aantal mensen is aangehouden. Verder hoop ik dat omstanders die beelden hebben gemaakt, deze delen. Zo kan onderzocht worden wie deze personen zijn."
Deze groepen communiceren ook als criminelen. In besloten groepen.
Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert
It supportersgeweld komt hieltyd faker foar yn de provinsje, seit Buma. Geregeld yn de bûtengebieten en no hieltyd faker yn de stêden. Dit foarkomme, is dreech, jout er oan. "Deze groepen communiceren ook als criminelen. In besloten groepen."
Buma twivelet der net oan dat de konfrontaasje fan freedtejûn organisearre wie: "Dat is zeker. Ze waren hierop voorbereid, met zwarte kleding en gezichtsbescherming." Buma heakket deroan ta dat der by de wedstriid AZ - West Ham United, dy't út de hân rûn, ek Cambuursupporters wiene.

Skansearre treinen en kafees

Fanwege de fjochtpartij by it stasjon rieden der tydlik gjin treinen út Ljouwert wei. "Dat was omdat er berichten waren dat mensen op het spoor liepen. Ook is er schade toegebracht aan treinen van de NS. Net als aan een aantal cafés. Het is daarom belangrijk dat zij schadeclaims indienen. De daders moeten beseffen wat zij hebben aangericht. Er moeten consequenties zijn voor dit gedrag."
Het geweld is een ernstige ontwikkeling. Dit is wat de wereld nu is.
Sybrand Buma
"Het geweld is een ernstige ontwikkeling. Je ziet het ook in de rest van de samenleving. Kijk bijvoorbeeld naar de agressie tegen politici en bestuurders. Er heerst spanning in de maatschappij. Dit is wat de wereld nu is", seit Buma, dy't beklammet dat wat ferkeard is, altyd oanpakt wurde moat.

Ferantwurdlikens âlden

"Aan ouders van minderjarige kinderen vragen we in zulke gevallen: 'weet je wat je kinderen doen?' Zij moeten dat namelijk eerst weten, voordat ze er iets aan kunnen doen."
Buma ropt de dieders op om op te hâlden mei dit 'buitensporige geweld'. "Je hebt er niet alleen jezelf mee te pakken, maar ook veel anderen", seit er. "En besef dat dit gedrag naar een doodlopende weg leidt."