Liveblog | 28 maaie 2023

De Vries net tefreden mei bêste race fan it seizoen | Hearrenfean treft Twente yn play-offs

  • Hearrenfean treft FC Twente yn play-offs om Europeesk fuotbal;
  • Cambuur spilet de bêste wedstriid fan it seizoen (4-0), mar degradaasje wie al wis;
  • Nyck de Vries set ek syn bêste prestaasje fan it seizoen del, hy wurdt tolfde;
  • Ymkje Clevering roeit nei sulver by de twa-sûnder op it EK;
Lêst bywurke: 28 maaie 2023, 21:29
snein 28 maaie 2023
21:29

Moarn de Fytsalvestêdetocht

Oant safier de sport fan dit wykein. Mar ek moarn wurdt in sportive dei: dan is it nammentlik tiid foar de Fytsalvestêdetocht. Fansels dogge we dêr by Omrop Fryslân wiidweidich ferslach fan. Likegoed op radio, tv as online. Oant dan!
20:20

Cambuur nimt ôfskied fan de earedivyzje en fan in soad spilers

It seizoen fan sc Hearrenfean is mei noch minimaal in wike ferlinge, mar foar SC Cambuur sit it seizoen der no dochs echt op. De ploech nimt ôfskied fan de earedivyzje en fan in soad spilers.
Trainer Sjors Ultee woe alle spilers de gelegenheid jaan om dat op it fjild te dwaan. "We hebben het verdeeld over de wedstrijden. Zo hebben we vorige week een afscheid kunnen geven aan Ben Rienstra en vandaag waren er anderen aan de beurt."
Sjors Ultee oer de lêste wedstriid fan dit seizoen
Cambuur wûn mei 4-0 fan RKC en dus foel der dochs noch wat te bejubeljen yn it Cambuurstadion. Jamie Jacobs is dêr bliid mei. "Fijn dat je zo positief het seizoen uit kan. We hebben van tevoren gezegd: we geven nog één keer alles. Dat is gelukt."
Jamie Jacobs sjocht werom op de wedstriid
19:26

Follyballers ferlieze wer fan Slovenië

It Nederlânsk follybalteam mei de Friezen Gijs van Solkema en Bennie Tuinstra hat ek hjoed ferlern fan Slovenië. Lykas juster, doe't beide lannen ek al in oefenwedstriid tsjin elkoar spilen einige it treffen yn 3-2 foar de Slovenen.
De follyballers riede harren ta op de Nations League
19:24

Paulissen emosjoneel by ôfskied Cambuur

Middenfjilder Mitchel Paulissen wie emosjoneel oan de ein fan syn lêste wedstriid foar SC Cambuur. Hy nimt ôfskied fan de klup út Ljouwert.
Paulissen spile fjouwer jier lang foar Cambuur. Flak foar de ein fan de wedstriid krige Paulissen in publykswissel. Dat wie net sûnder emoasje.
© ANP
"Ik voelde het al de hele dag. Ik hoopte dat het een mooie dag zou worden, ook voor de supporters. En voor het team, zodat we het goed konden afsluiten."
Dat slagge. De lêste wedstriid fan it seizoen wie de bêste. Cambuur wint mei 4-0 fan RKC. "We hebben het mooi kunnen afsluiten", seit Paulussen. "Lekker weertje, en vier-nul. Dan komt het er even uit, van de afgelopen vier jaar."
18:49

Noppert spiler fan it jier by Hearrenfean

Doelman Andries Noppert hat gjin lêst mear fan de blessuere dy't him hast in healjier oan de kant holden hat. "Je binne altyd wol in bytsje stiif. Ast trije groepstrainingen meidochst en meist wer spylje, dan moatst efkes op gong komme."
It momint fan de wiksel © ANP
Noppert is bliid werom te wêzen op it fjild. Yn jannewaris rekke de doelman, dy't yn novimber furoare makke mei it Nederlânsk alvetal op it WK yn Katar, blessearre oan de ljisk.
By syn weromkommen yn it alvetal waard er fuort útroppen ta spiler fan it jier. Dat wylst Noppert dit seizoen mar 17 kear yn aksje kaam foar Hearrenfean. "Ik hie graach mear spylje wollen, mar ik ha in fantastysk WK meimakke, en dêrfoar wie it prima, dus it is moai dat de minsken yn my leauwe."
18:12

"Dit was een prima weekend, maar tevreden ben ik niet"

Nyck de Vries is net tefreden mei it tolfde plak yn Monako. Dat seit er by Viaplay. Al wie it neffens him in prima wykein.
"Ik heb geen misstap gezet onder moeilijke omstandigheden en dat op een moeilijk circuit. Qua snelheid ging het wat op en neer, maar dat komt omdat ik bij aanvang te veel heb gepusht."
© Red Bull Content Pool
De rein brocht de spanning werom yn de race. "Regen biedt altijd mogelijkheden, maar ook risico. De omstandigheden waren moeilijk. Ik had geen grip en geen temperatuur in de banden."
De konklúzje is helder. "Dit was een prima weekend, maar tevreden ben ik niet."