VV Bûtenpost dochs net yn berop tsjin straf nei houwerij: "Ratio yn stee fan emoasje"

Spilers fan DHSC yn diskusje mei skiedsrjochter Robert de Wit © Orange Pictures
No't VV Bûtenpost him hanthavene hat, tekenet de klup dochs gjin berop oan tsjin de straf dy't de KNVB oplei nei de fjochtpartij mei DHSC út Utrecht. Bûtenpost krige in punt yn mindering, wêrtroch't it derop like dat se winne moasten om net te degradearjen.
It rûn oars: de klup spile mei 2-2 lyk tsjin CSV Apeldoorn. Dat punt wie foldwaande om't d'Olde Veste '54 - Flevo Boys yn 0 -0 einige. Bûtenpost bliuwt hjirtroch yn de fjirde divyzje, en besleat dêrnei om him dochs noch del te lizzen by de straf fan de KNVB.
"Juster woene we yn berop gean, wat de útkomst hjoed ek wurde soe", seit foarsitter Paul Olijve. "Wy wiene en binne noch hieltyd lilk. Want it punt yn mindering fielt as ûnrjocht."

Telefoantsje fan Molenaar

In telefoanpetear mei advokaat Keje Molenaar soarge lykwols foar in nije draai. "Hy sei: 'Ik kan met een druk op de knop ervoor zorgen dat jullie in beroep gaan tegen de straf. Jullie hebben ook gelijk, maar weet je wel zeker dat je hier weer mee aan de slag wil na vandaag? Laat het zitten."
"Keje is ien dy't der ferstân fan hat. Wy hawwe dêrom besletten ús ferstân te brûken. Ratio yn stee fan emoasje."
We binne no tige bliid. Mar de ôfrûne wiken wiene echt net leuk.
Paul Olijve, foarsitter fan VV Bûtenpost
Dêr komt by dat dat Bûtenpost him yn de foet sjitte kinnen hie mei it berop. "As de KNVB dwers wêze soe, hie se ek beslute kinnen om aanst twa punten yn stee fan ien yn mindering te bringen. Dan kinst dysels wol foar de kop slaan fansels", seit Olijve. "Der is in ferskil tusken gelyk hawwe en gelyk krije."
"We binne no tige bliid. Mar de ôfrûne wike wiene echt net leuk."

"In geen verhouding met realiteit"

Ek vice-foarsitter Rudi Stuursma is fan miening dat de straf gjin rjocht docht. "Wij hebben een punt in mindering gekregen, DHSC drie punten in mindering. Wij vinden dat in geen verhouding staan met wat er in realiteit gebeurd is."
Stuursma en de klup binne fan betinken dat VV Bûtenpost foaral hannele út reaksje op agresje fan DHSC. "De wedstrijd was al afgelopen, dus waarom zouden wij iets beginnen? Er gebeurt iets op het veld, een van onze spelers wordt aangevallen. De ploeg reageert daarop."
Moet je met de handen over elkaar toekijken als een speler in elkaar wordt geslagen? Mag je dan niet voor jezelf opkomen?
Vicefoarsitter Rudi Stuursma
Earder oerwage VV Bûtenpost noch nei it de boargerrjochter te stappen, mocht se net yn it gelyk steld wurde. "Want moet je met de handen over elkaar toekijken als een speler in elkaar wordt geslagen? Mag je dan niet voor jezelf opkomen? Dat willen we dan wel weten."
Yn de wedstriid sels © Orange Pictures
Bûtenpost wûn op 22 april mei 2-1, mar dêr praat net in minsk mear oer. Want nei de wedstriid tusken Bûtenpost en DHSC (Utrecht) ûntstie in slachfjild. By de fjochtpartij rûn spiler Wim de Vries fan Bûtenpost in harsenskodding, in brutsen noas en skansearre tosken op.
De spilers dy 't Wim de Vries knock-out slein hawwe, hawwe in skorsing fan in healjier krigen.
Rebûlje by de wedstriid tusken Bûtenpost en DHSC © Orange Pictures
Beide klups fertelle in folslein oar ferhaal. Neffens de Utrechtenaren soene de spilers en it publyk fan Bûtenpost begûn wêze, en soene sy allinnich út selsferdigening hannele hawwe. Mar neffens Bûtenpost hawwe spilers fan DHSC ferhaal helle by de skiedsrjochter en woenen spilers fan Bûtenpost just de skiedsrjochter beskermje.
Skiedsrjochter Robert de Wit wie yn shock, hy hie it net maklik mei 'deze extreme manier van geweld', sa't hy letter ferklearre.