Trije fakânsjegongers mei in beheining hâlde Noardeast-Fryslân in spegel foar

Frank Sanders © RTV NOF
Noardeast-Fryslân wol witte hoe tagonklik it gebiet is foar minsken mei in beheining. Dêrfoar meie trije gasten mei in beheining in wike op fakânsje om harren ûnderfiningen te dielen.
It wurdt hieltyd better, mar it kin ek noch better. Dat is de konklúzje fan Bianca Waamelink en Hieke Wouda fan it GastenGilde, in netwurk fan lytsskalige rekreaasje- en toerisme-ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân.

In resinsje fan de tagonklikens

In priis fan 5.000 euro wurdt mei it projekt 'OnbeperktGastvrij' ferparte oer trije minsken mei in beheining, dy't útnûge binne om in wike op fakânsje te gean. As tsjinprestaasje jouwe sy in soarte 'resinsje' fan de tagonklikens. Net allinne wat akkommodaasjes oanbelanget, mar ek bygelyks hoareka en diken.
"Der wurdt hiel faak oer minsken mei in handicap praat, mar wy sizze: freegje it se gewoan mar sels", fertelt Hieke Wouda. Sy is eigener fan oernachtingsplak De Prikkebosk yn Damwâld.
Frank Sanders is ien fan de gasten, troch in stofwikselingsykte sit er al jierren yn in rolstoel. Mei syn frou ferbliuwt er dizze wike yn Noardeast-Fryslân.

In pedaalamer kin al dreech wêze

"We brengen allemaal bezoekjes en vertellen wat we tegenkomen. Het zijn soms hele kleine dingen. In een gehandicaptentoilet bijvoorbeeld, speciaal gemaakt voor rolstoelgebruikers, stond deze week een pedaalafvalbak die je met je voeten kunt bedienen. Ja sorry, maar daar heb ik niets aan."
Sanders docht wiidweidich ferslach fan de fakânsje, ek troch foto's en filmkes te meitsjen. Al it materiaal wurdt bondele en letter presintearre, op in spesjale gearkomste foar ûndernimmers en bestjoerders. Dat moat de eagen iepenje.
"Hoechst echt gjin djoere of yngewikkelde yngrepen te dwaan", sa seit Wouda. "Besjoch gewoan binnen dyn eigen situaasje, hoe'tst it optimalisearje kinst."