HEA! In lân fol poatierappels
HEA! Ierappels poatsje
Anne de Boer fan Menaam is hast 80 jier âld, mar hy is noch altyd drok oan it wurk op it lân. Hy poatet ierappels mei de hân.
Syn dochter Rina en pakesizzers Koen en Tim helpe mei. Koen en Tim krije sa no en dan oanwizingen fan pake en mem: de ierappels moatte kreas yn de fuorgen lizze, net te ticht opinoar. "Jimme moatte de ierappels der net yn smite, jimme moatte se der yn lizze."