Senator Huizinga (CU) ûntkent tsjinprestaasje yn ruil foar stimmen: "Sa wurket ús partij net"

© Omrop Fryslân
Senator Tineke Huizinga ûntkent dat har partij ChristenUnie besocht hat om Steateleden fan de FNP by de Earste Keamerferkiezingen op har partij stimme te litten yn ruil foar in tsjinprestaasje. "Sa wurket ús partij net", seit Huizinga yn It Polytburo.
NRC melde tongersdei dat in Frysk Steatelid kontakt socht hat mei Sijbe Knol fan de FNP. Der soe frege wêze oft er miskien in kopke kofje drinke woe mei vice-premier Carola Schouten. En dat der mooglik noch in pear miljoen euro ekstra beskikber wie foar de ûntwikkeling fan de Fryske taal en kultuer.
Knol hat dat kontakt freed by Omrop Fryslân ek befêstige. Hy seit fierder net op de útnûging yngien te wêzen.

Restsitten

De ferkiezingen foar de Earste Keamer binne saneamde 'getrapte verkiezingen'. Dat bestjut dat net it folk, mar de 572 keazen Steateleden allegearre in stim útbringe. Guon partijen kinne belang hawwe by stimmen fan oare partijen, sadat se mear kâns meitsje op in restsit.
De ChristenUnie is al wis fan twa sitten, mar soe dêr noch in restsit by krije kinne. Mar dan soene Steateleden fan oare partijen wol op se stimme moatte, bygelyks in partij dy't gjin kâns mear makket op in restsit.
Senator Huizinga ûntkent dat de ChristenUnie de FNP in tsjinprestaasje bean hat yn ruil foar in stim by de Earste Keamer-ferkiezingen
"It wurdt spannend oft de tredde restsit der komt", seit Huizinga. Se fynt it dan ek logysk dat der by oare partijen ynformearre wurdt oft se op harren stimme wolle. "It bart by alle partijen dat we sjogge fan is it mooglik dy pear stimmen dy't we nedich hawwe om dy tredde sit te krijen, dat we dy krije. Mar der sil noait sein wurde dat der in tsjinprestaasje tsjinoer stiet."
Fierder seit Huizinga har der net mei dwaande te hâlden. "Dit is it bestjoer, dy docht dat. As Earste Keamer-fraksje hawwe wy dêr neat mei te krijen", seit de senator, dy't dus wol seit te witten dat it oanbod net dien is. "En Carola Schouten (vice-premier, red.) komt der ek net foar nei Fryslân om in kopke kofje mei ien te drinken. Sa is it gewoan net."

Earste Keamer hieltyd mear polityk

De Earste Keamer kontrolearret yn prinsipe de Twadde Keamer op it mêd fan de technyske aspekten fan nije wetten. Dêrby wurdt sjoen nei de deugdlikens en de gearhing mei oare wetten.
Dochs wurdt it ek hieltyd mear polityk. It is net foar neat dat it kabinet ek yn de Earste Keamer in mearderheid hawwe wol. Dy hawwe se no net en sille se aanst ek net oankomme. "Ik tink eins dat it net sa ferkeard is dat der gjin mearderheid fan de koälysje is. Dat betsjut ek dat mear partijen ynfloed hawwe op de wet dy't der úteinlik komt", seit Huizinga.
"Doe't ik yn de Twadde Keamer siet wie der in koälysje mei in dikke mearderheid. Dan koene je sizze watst woest, we koenen hiele goeie arguminten hawwe. Mar de saak dy wie klear. No wurdt der mear harke nei de oare partijen en wurdt der mear socht nei in grutter draachflak. Dat is eat posityfs. Mar it moat net de Twadde Keamer wurde."
Tineke Huizinga: "As de Earste Keamer de Twadde Keamer spilet is dat gjin goede ûntwikkeling"
Fanwegen de kontrolearjende rol fan de Earste Keamer krijt dat orgaan gewoanwei ek in stik minder omtinken fan de media. Dat heart ek sa, fynt Huizinga. Mar it is wol folslein oars as yn har tiid as steatssekretaris en minister. Dat wie se fan 2007 oant 2010.
Mei bedrigingen lykas vice-premier Sigrid Kaag no, ta grut fertriet fan har dochters, te krijen hat, krige se doe lykwols net. "Mar doe wie de tiid dochs krekt wat oars", seit Huizinga.
Huizinga wie yn 2010 minister, mar befeiliging wie neffens har doe noch net nedich
"Ik hie doe mei de taksy's yn Amsterdam in grut probleem. Doe hawwe se wol ris wat ekstra befeiliging foar my regele, mar efterôf wie dat net nedich. En doe wie der dochs minder as dat it no is. Dy agresje dy'tst no wol oeral sjochst, dy wie der doe net. Dat is net sa'n moaie ûntwikkeling."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Tineke Huizinga.