FryslânDOK 'De Wetterspegel': "De rijke westerling moet veranderen"

Cees Buisman fan Wetsus © Jan Bensliman
Wetsus siket oplossingen om wetter skjin en ús gebrûk fan wetter duorsum te meitsjen. Mar technology kin ús allinnich rêde as de westerske minske syn gedrach feroaret, seit direkteur Cees Buisman.
Foar de FryslânDOK 'De Wetterspegel' folget dokumintêremakker Bart Kingma direkteur Buisman. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Wa't goed nei wetter sjocht, sjocht yn de spegel. It lit de tastân fan de wrâld sjen en dy fan minsklik gedrach. Mei hurd tanimmende wettertekoarten, ferdrûging én fersmoarging fan it oerflaktewetter driget no in wetterkrisis. Of eins sitte we dêr al middenyn.
Net ien wit mear fan wetter as Cees Buisman, wittenskiplik direkteur fan Wetsus, it ûndersyksynstitút nei wettertechnology yn Ljouwert. Hy is ek heechlearaar biologyske kringlooptechnology oan de universiteit fan Wageningen.
Wetsus yn Ljouwert © Jan Bensliman
Ynnovaasjes en technologyske ûntwikkelingen binne fan grut belang foar in skjinne takomst. Se kinne wol wat ferhelpe, mar lang net alles. Wetter lit ús sjen dat it in yllúzje is dat wy mei skjinne technology rekkenje kinne op 'griene groei', it idee dat we op deselde foet fierder libje kinne omdat ynnovaasjes alles oplosse.

Misje: minder wetter brûke

In ienfâldige rekkensom lit dat sjen. Op de wrâld is 2.300 liter swiet wetter per persoan deis beskikber. Europeanen ferbrûke lykwols 4.000 liter deis en Amerikanen noch mear. Dat is wetter dat nedich is foar de produksje fan ús iten, ús enerzjy, klean en al it oare oare guod dat we keapje.
Us konsumpsjegedrach easket dus hast twa kear safolle wetter as dat der beskikber is. Wetter is net by te meitsjen, dus moatte we ús wettergebrûk werombringe. It wetter moat earliker ferdield wurde oer de wrâld; de rike westerling moat feroarje. Syn misje is om dat ferhaal ûnder de oandacht te krijen.
Cees Buisman skriuwt in brief © Jan Bensliman
Cees Buisman hat yn syn karriêre persoanlik tekene foar wichtige ynnovaasjes en wurket mei kollega's en studinten mei ynmoed oan oplossings. Mar elke ferbettering liedt, paradoksaal genôch, úteinlik ta in noch gruttere druk op grûnstoffen en dus ta in achterútgong.
Skjinne enerzjy bygelyks ferfangt noch lang net ús fossile brânstof, mar moat foaral ynset wurde om de enoarme taname fan de fraach nei stroom op te fangen, foaral fanwege it hieltyd fierder tanimmende dataferkear.
Cees Buisman en Rik Siebers yn de Blue Energy Centrale by de Ofslútdyk © Jan Bensliman
Wetsus stiet bygelyks oan de widze fan 'blue energy', in metoade om út sâlt en swiet wetter elektrisiteit op te wekken. Blue energy kin in wichtige rol spylje yn de takomstige enerzjymjuks fan ús lân. Prachtige skjinne technology, mar de fraach nei stroom fljocht sa hurd omheech dat blue energy dêr net oan foldwaan kin.

Iennige oplossing

De iennige oplossing neffens de heechlearaar is minder konsumearje. Pas as we de hieltyd tanimmende konsumpsje en produksje ôfnimme litte, kin skjinne technology de problemen de baas.
Minder konsumearje, dat is neffens Cees Buisman perfoarst gjin achterútgong, mar liedt krekt ta in sterker bewustwêzen. En dêr wurde we lokkiger fan. En dat is échte foarútgong.
Buisman hat dat beskreaun yn syn boek 'De mens is geen plaag'. Dêryn hâldt er elkenien in spegel foar, mar sjocht ek yn syn eigen spegel.
Cees Buisman en Sybrand Metz by de proefynstallaasje dy't rioelslib skjinmakket © Jan Bensliman
Yntusken wurket Buisman mei syn minsken hurd fierder oan ferbettering fan wettersystemen. Lykas it skieden fan rioelwetter fan de rest fan it húslik ôffalwetter.
By Wetsus ûntwikkelen se in systeem dat se oanslute op fakuümtoiletten en de poep mei baktearjen sá skjin makket dat it aansen mooglik brûkt wurde kin as hiel goeie dong foar de lânbou.
Flessepost © Jan Bensliman
Mar al dat wurk kombinearret Cees Buisman hieltyd faker mei it ferkundigjen fan dat oare ferhaal: dat westerlingen harren konsumpsjegedrach yngreven feroarje moatte.

Flessepost

Foar de FryslânDOK 'De Wetterspegel' skreau Buisman in brief - dy't feitlik in koarte ferzje fan syn boek is - dêr't er yn útleit wêrom't dat nedich is en wêrom't dat sels hiel goed wêze sil foar ús eigen wolwêzen.
Fragminten dêrfan, dy't as flessepost it wetter oer giet, binne te sjen yn de dokumintêre. Lês it folsleine ferhaal.
Dokumintêremakker Bart Kingma oer de FryslânDOK
FryslânDOK 'De Wetterspegel'
Sneon 27 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.26 oere)
Snein 28 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele