Trije manlju oppakt foar iepenlike geweldpleging nei massale fjochtpartij yn Ljouwert

De plysje hat trije manlju oanholden nei oanlieding fan de massale fjochtpartij by it stasjon fan Ljouwert. It gie nei alle gedachten om in konfrontaasje tusken 'fuotbalsupporters' fan SC Cambuur en sc Hearrenfean.
De trije arrestearre personen binne in 23-jierrige man út de gemeente Hearrenfean, in 21-jierrige man út de gemeente Eaststellingwerf en in 26-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.
Sy binne oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging en sitte alle trije noch fêst. Sy wurde heard troch de plysje.
Fjochtôfspraak
It soe gean om in fjochtôfspraak. De plysje ried manmachtich út en hat trije minsken oanholden. Neffens in wurdfierder wie der sprake fan in driigjende situaasje foar omstanners.
It gie om in groep fan in 30-40 man. Der waard by restaurant Loetje mei glês en terrasstuollen smiten. Mei ûnder oare de ynset fan plysjehûnen en wapenstokken is de groep útinoar helle.

De supporters fan Cambuur sammelen har yn de omkriten fan de Prins Hendrikstrjitte en de supporters fan Hearrenfean by Proeflokaal Wouters, in eintsje fierderop foar it stasjon oer.

Nei de fjochterij by it terras gie de konfrontaasje troch op it stasjon fan Ljouwert. Guon binne dêr op it treinspoar bedarre. It folsleine treinferkear hat dêrom in skoft stillein.
'Fuotbalsupporters' soargje foar oerlêst yn Ljouwert, treinferkear efkes staakt
De fjochterij wie om 21.00 oere jûns. Tsien minuten yn 't foar krige de plysje sinjalen dat der in konfrontaasje op hannen wie. Uteinlik hie de plysje de situaasje nei goed tsien minuten ek wer ûnder kontrôle. Om 21.30 oere hinne kaam it treinferkear wer op gong.
Grut plysje-ûndersyk
Der is al in buertûndersyk dien en de plysje is dwaande om in grut ûndersyk op te setten. Der wiene in soad omstanners, de plysje komt graach mei tsjûgen yn kontakt en freget minsken mei kamerabylden om dy te dielen mei de plysje.
