Fryske skoallen biede fergees moarnsiten oan, mar guon bern falle bûten de boat

Yn Fryslân hawwe 44 skoallen harren oanmeld foar fergees moarnsiten of foar oare help by it fersoargjen fan iten oan learlingen. It projekt foar moarnsiten op skoalle is opset troch it Jeugdeducatiefonds en it Reade Krús, yn gearwurking mei it ministearje fan Kultuer, Underwiis en Wittenskip (OCW).
Yn hiel Nederlân giet it yn totaal om 1302 skoallen yn sawol it basisûnderwiis as it fuortset ûnderwiis. Dat binne ien op de seis skoallen. Learlingen krije fia it projekt in miel op skoalle of in boadskipkaart dêr't âlden of fersoargers moarnsiten foar har bern mei keapje kinne.
Bûten de boat
It ministearje fan Underwiis hat foar dit jier 100 miljoen euro beskikber steld foar dit projekt wêrmei't sa'n 300.000 learlingen holpen wurde kinne. Skoallen kinne de help foar learlingen oanfreegje as op syn minst 30 persint fan de skoalbern út in húshâlding komt mei in leech ynkommen.

Dochs falle der neffens Nicole van Batenburg fan it Reade Krús bern bûten de boat. "Als je als school net op 28 of 29 procent zit dan kom je niet in aanmerking voor dit project. Het is daarom belangrijk dat er ook nog andere projecten zijn."
Struktureel probleem
It skoalmielprojekt rint oant en mei 31 desimber 2023. De belutsen partijen binne noch oan it sjen hoe't it yn de takomst trochset wurde sil. It ynspringen fan it Reade Krús is yn alle gefallen foar in skoftke in oplossing, seit Van Batenburg. "Het Rode Kruis springt in bij tijdelijke nood. Dit is een probleem dat structureel opgelost moet worden door de overheid."