De Vries genietet fan Monako: "Ik fiel my hieltyd mear thús yn de auto"

Nyck de Vries einiget de twadde frije training as santjinde. © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries is de freed yn Monako ûnskeind trochkaam. Hy einige de twadde frije training as santjinde. Der is noch genôch wurk te fersetten, mar it lytse gat tsjinoer syn teamgenoat is hoopjouwend.
Der leit in soad druk op de skouders fan Nyck de Vries. Hy moat prestearje. Mar Monako is yn dy sin gjin maklike baan. It is unferjaanber, flaterkes wurde fuortendaliks ôfstraft.

Unyk

Der wurdt riden op de strjitten fan in lyts foarstendom oan de Frânske Rivièra. De iepenbiere dyk wurdt foar de Grand Prix tydlik ôfsletten en oan de ein fan de dei wer iepene, wêrtroch't je as besiker dus echt in rûntsje sirkwy dwaan kinne. Ek leuk yn de simmerfakânsje mochten je yn de buert wêze.
Troch it rûntsje te riden of te rinnen sil minsken ûnderfine dat Monako ien fan de meast útdaagjende sirkwys is op de Formule 1-kalinder. Fanwege de krappe bochten, de hichteferskillen en omdat der eins gjin romte is foar flaters. Want útrinstroken binne der yn Monako net.

Glamour

De Grand Prix dy't al sûnt 1929 organisearre wurdt, stiet fansels ek bekend om syn glamour en ferneamde saken. It sirkwy is boppedat favoryt ûnder de koereurs. It is ien fan de races njonken de 24 oeren fan Le Mans en de Indy500 dy't je as koereur wûn ha wolle.
Nyck de Vries kaam yn de twadde frije training yn Monako mar twahûnderdste tekoart op teamgenoat Tsunoda. © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries wûn de race twa kear yn de formule 2. Dy baankunde komt him wis fan pas. Dochs falt er yn de earste training net op. Hy einiget as sechstjinde, trije posysjes efter Yuki Tsunoda. Neat te rêden: dúdlik in kwestje fan kilometers meitsje, fertrouwen opdwaan en út de problemen bliuwe.

Nipt achter Yuki

Yn de twadde sesje makket er progresje. Op sêfte bannen set De Vries in tiid del dy't like goed is foar it sechde plak. Syn 1.13.633 wurdt lykwols al ferbettere troch Tsunoda. It ferskil tusken de teamgenoaten is lykwols mar 0.020 fan in sekonde.
Mar krekt as yn de earste frije training, ferliest De Vries noch te folle yn de twadde sektor. Benammen yn Mirabeau, de hairpin en yngong tunnel. De stadige bochten dus. Teamgenoat Tsunoda is yn dat part trije tsienden rapper. Dêr leit dus de kaai ta sukses foar de kwalifikaasje moarn.
Benammen yn it twadde bochtige diel falt der noch in soad winst te beheljen foar De Vries. © Red Bull Content Pool
It wichtichste fan hjoed is lykwols dat de koereur út Twellingea út de problemen bleaun is. Want in flaterke is yn Monako gau makke. Dat fernimt ek Tsunoda dy't tsjin de ein fan de sesje by it útgean fan de tunnel syn linker eftertsjil stikken rydt.
"We boeken vooruitgang, maar er is nog wat werk aan de winkel voor de balans."
Nyck de Vries
De Vries rydt in flaterleaze freed en sjocht reedlik tefreden werom. "Ik geniet ervan om in Monaco te rijden. Ik heb hier in de Formule 2 en Formule E geracet, maar Formule 1 is absoluut anders. Ik denk dat het een solide vrijdag was, waarin we tijdens beide sessies vooruitgang boekten. We dichten langzaam het gat en ik voel me steeds meer op mijn gemak met de auto op de baan, maar er is nog wat werk aan de winkel voor de balans."