Ljouwerter dy't metalen bal goaide by Highland Games net ferfolge foar deadlik ûngelok

© Shutterstock
In man út Ljouwert dy't ferline jier mei it fuortslingerjen fan in metalen bal by de Highland Games yn Geldrop in foarbygonger fataal rekke, wurdt net ferfolge. Neffens it Iepenbier Ministearje falt de Ljouwerter neat te ferwiten.
De bal rekke it 65-jierrige slachtoffer bûten it terrein dêr't de Highland Games, in tradisjoneel Skotsk folksspul, hâlden waard. It slachtoffer wie gjin taskôger, mar rûn dêr tafallich del oer in paad efter in metershege hage. Helptsjinsten koene neat mear foar him dwaan.
It IM seit nei wiidweidich ûndersyk dat "uit niets blijkt" dat de doe 22-jierrige dielnimmer dy 't de bal fuortslingere, wat te ferwiten falt. De man waard earder as fertochte sjoen, mar fan in fertinking is gjin sprake mear. Syn saak wurdt dus seponearre. It IM hat mei ferskate tsjûgen en in saakkundige út Skotlân praat.

Undersyk nei organisaasje

De organisaasje fan de Highland Games hie gjin fergunning oanfrege foar it evenemint op 7 augustus ferline jier op it terrein fan Landgoed Kasteel Geldrop. It funksjoneel parket fan it IM docht noch ûndersyk nei de organisaasje fan it evenemint. Besjoen wurdt oft dy wat te ferwiten falt. Dit ûndersyk rint noch.