Mar leafst fiif ploegen kinne noch kampioen wurde yn de earste klasse amateurfuotbal

It komt hast nea foar yn it fuotbal dat op de lêste spylronde noch fiif teams kampioen wurde kinne. Mei mar 1 punt ferskil tusken de koprinner en de nûmer fiif yn de earste klasse F fan it amateurfuotbal, wurdt it in bysûnder spannende sneontemiddei.
It kampioenskip giet tusken de ploegen Broekster Boys, Pelikaan S, ONS Snits, Oranje Nassau en Blau Wyt '34. De earste twa ploegen ha 45 punten en de oare trije hawwe 44 punten.
De trainer fan ONS Snits Arnoud Koster, oanfierder Jordy den Hoedt fan Blau Wyt '34 en oanfierder Riemer Doornbos fan Broekster Boys witte it seker. Dit is foar harren alle trije eat dat se noch nea meimakke hawwe.
Broekster Boys
De grutste ferrassing yn dit groepke is wol de klup út Damwâld. Noch net sa lang lyn promovearren se nei de earste klasse. Dêr't oanfierder Riemer Doornbos en syn teamgenoaten net degradearje woene, hawwe se no de bêste papieren om de titel te pakken.
"Ik wol net sizze dat wy boppe ús kinnen prestearje kinne, want wêr't wy stean is terjochte. Oan it begjin fan it seizoen seagen we der wol tsjinop om deryn te bliuwen. Mar dêrnei binne wy frijút fuotbaljen gean en hawwe wy in ôfgryslik soad punten pakt."

Neffens Doornbos is de kompetysje sa spannend, omdat der net in hiel soad ferskil sit tusken alle ploegen. "Tusken de nûmer ien-nei-lêst en ús sitte mar 25 punten ferskil, dus sa grut is dat gat no ek wer net."
Doarpsklupke
Broekster Boys soe histoarje skriuwe as se dit jier kampioen wurde neffens Doornbos. "It hiele noarden sil him wol ôffreegje hoe't in klup as Broekster Boys kampioen wurde kin yn de earste klasse mei safolle topploegen. Yn in klasse dêr't in soad jild yn omgiet komme wy oan as doarpsklupke mei eigen jonges. We krije in soad kompliminten fan oare klups en ik tink dat dy it ús ek wol gunne."
It is net de earste kear dat Broekster Boys sa'n spannende titelstriid meimakket, dêr't it eventueel om doelsaldo gean kin. Yn 2018 waarden se kampioen omdat se ien goal mear skoard hiene as Ljouwerter Sweltsjes.
"Yn dat jier seinen we tsjin elkoar, spannender as dit sil it net wurde. Mar we ha it dochs foarinoar krigen om it noch spannender te krijen", seit de 30-jierrige Fries.
ONS
In oare kânshawwer is Snitser klup ONS. Arnoud Koster is noch net sa lang haadtrainer fan de ploech, mar ek yn syn tiid as spiler en assistint-trainer hat er noch nea sa'n unike situaasje meimakke dêr't noch safolle teams kampioen wurde kinne. "Dit is het eerste jaar dat ik op eigen benen sta. Dat ik dan nu al in zo'n situatie terechtkom, dat had ik op voorhand niet kunnen bedenken!"

Hoe giest dan as begjinnend trainer om mei in situaasje as dizze? As it oan Koster leit is it in wedstriid as alle oaren.
Winne op doelsaldo?
"We benaderen deze wedstrijd niet anders, maar in de koppies van de jongens speelt er wel meer natuurlijk. Zeker komende zaterdag want dan zullen de telefoontjes wel bij de hand gehouden worden om te kijken wat er op de andere velden gebeurd", seit Koster.
Dat de ploech út Snits ôfhinklik is fan oare wedstriden mei dúdlik wêze. Lykwols wit de coach noch net hokker útslaggen der krekt nedich binne foar in eventueel kampioenskip.
"We weten wel dat we een punt minder hebben dan de twee huidige koplopers en we weten dat we op doelsaldo er beter voor staan dan onze twee concurrenten Oranje Nassau en Blau wyt '34."
ONS Snits - Blau Wyt '34 , Winsum-Broekster Boys en Pelikaan S-Oranje Nassau binne live te folgjen yn it radioprogramma sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân. Alle trije wedstriden begjinne om 15.00 oere.
Koster soe net doare te sizzen oft ONS Snits de titel fertsjinje soe. "Op basis van aanstaande zaterdag zou het verdiend zijn, maar schuif de titelrace nog een weekje op en dan heb je waarschijnlijk weer een andere koploper."
Blau Wyt '34
As spiler fan SC Cambuur, ONS Snits en syn hjoeddeistige team Blau Wyt '34 hat oanfierder Jordy den Hoedt al hiel wat meimakke. Mar in titelstriid as dizze is ek foar him nij. "Dit is ook voor mij de eerste keer dat er vijf teams in een competitie kampioen kunnen worden. Het is een hele sterke competitie waarin iedereen van elkaar kan winnen."

Dochs is it leauwen der noch wol by de oanfierder. "Ik denk wel dat wij een kans maken om kampioen te worden. Dat is natuurlijk wel afhankelijk van wat de rest gaat doen, maar als je de onderlinge uitslagen tegen elkaar bekijkt dan heb ik er wel vertrouwen in." Mar den Hoedt kin gjin antwurd jaan op de fraach wa't it kampioenskip it meast fertsjinnet.
Dan is de lêste wedstriid ek noch tsjin syn âlde klupke ONS Snits. "Ik heb daar in de coronatijd gespeeld, dus dan is het extra mooi als je daar kampioen kan worden. Maar het zou wat minder leuk zijn als zij uiteindelijk kampioen worden."