NAM-direkteur Atema: "As Noardeast lêst kriget fan gaswinning, dan hâlde wy op"

As der op termyn ierdbevingen of tefolle boaiemdelgong plakfynt yn Noardeast-Fryslân, hâldt de NAM op mei gaswinning út de feroarsakende put. Dat fertelde direkteur Johan Atema tongersdeitejûn, by in gearkomste fan de gebietskommisje Dongeradielen yn Eanjum.
De NAM en it Staatstoezicht op de Mijnen fertelden oer de boaiemdelgong troch gaswinning, de effekten op it wenklimaat en hoe't berekkeningen útfierd wurde. Der kamen in tachtich ynwenners op 'e jûn ôf.
De NAM-direkteur leit út: "Wy sitte hjir al 40 jier, Noardeast-Fryslân is nei Grins it belangrykste gebiet dat wy hawwe."
Noardeast-Fryslân is neffens de direkteur in wichtich gebiet foar Nederlân. "Wy winne hjir al hiel lang gas, wêr't eltse dei hiel Noard-Nederlân op draaie kin, ik bin grutsk dat wy hjir al sa lang sitte, sûnder grutte problemen feroarsake te hawwen."
Ierdbevingen of tefolle boaiemdelgong? "Dan stoppen we de gaswinning"
Dochs sjocht Atema wol dat de soargen, ek yn Noardeast-Fryslân, tanimme. "Grins hat soarge dat minsken wat noed meitsje en dat begryp ik, mar wy binne hjir om de soargen fuort te nimmen. Wy hawwe fan Grins, wat dêr misgien is, in hiel soad leard en dat passe wy no ek ta."
De direkteur fan de Nederlandse Aardolie komt ek mei in hurde tasizzing. "At wy hjir yn Noardeast-Fryslân ierdbevings krije of tefolle boaiemdelgong, dan slute wy gewoan ôf. Dat is ek in les fan Grins." Yn Grinslân koe dat net, om't de gaslevering dêr faai kaam te stean. "Yn Fryslân is dêr gjin sprake fan, dus wy kinne hjir rap slute at it moat."
Kâns op ierdbeving fan mear as magnitude 3 is "nader 0"
No is de kâns op (swierdere) ierdevings troch de gaswinning yn Noardeast-Fryslân, neffens geolooch Heijn van Gent hiel lyts. "Ik ga hier niet verkondigen dat aardbevingen uitgesloten zijn. Echter ben ik er van overtuigd, dat volgens de huidige stand van de kennis, een aardbeving met meer dan een magnitude 3 zeer onwaarschijnlijk is. Met zeer onwaarschijnlijk bedoel ik, de kans is nader 0."
Meardere gaswinputten yn Noardeast-Fryslân binne folop yn produksje. "Ik kin tasizze, at minsken hjir lêst fan ús krije, dan stopje wy der mei, dan is it oer. No is dat de ôfrûne 40 jier net bard en ik hoopje dat dat yn de oankommende 20 jier ek net bard. At it wol gebeurt, dan stean ik der foar dat wy stopje."
Mienskip hat noed: "It wurdt oars"
Nanne Iedema fan Ljussens kaam ek nei it MFA yn Eanjum om har ynformearje te litten troch de NAM en it SodM.
De ynwenner is net gerêst op in takomst sûnder ierdbevingen. "Ik freegje my noch hieltyd ôf, kin djippe boaiemdelgong ek foar ierdbevings soargje? En dêr haw ik net in goed antwurd op krigen, sy praten der foar myn gefoel wat omhinne." Iedema wie, foar't er mei pensjoen gong, ierdappelhanneler.
Boaiemdelgong Dongeradielen en gaswinning Ternaard
Foar syn mei-agrariërs binne der wol deeglik soargen. Trochdat de boaiem sakket, feroaret it grûnwetterpeil en kin ek it sâlter wurden fan in (grutte) rol spylje yn it telen fan ierappels. "Wat mear gas at der wûn wurdt, des te grutter it probleem wurde kin. Dan krije jo dy problemen en hâldt dat yn dat de bereiningsmooglikheden ek folle minder binne. Dat soarget der úteinliks foar dat wy gjin 'normaal gewende' opbringst mear krije."
Dúdlikens oer gaswinning Ternaard duorret echt hiel lang
Oer de gaswinning by Ternaard wie Atema helder. "It duorret hiel lang, wat my oanbelanget: fierstente lang. Minsken sitte yn de ûnwissens, giet it no troch of net?" De NAM-direkteur hopet dat it trochgiet, allinnich beslút it kabinet dêr úteinlik oer.
"Sy (it kabinet, red.) hawwe tasein dat sy ein juny mei in beslút komme sille, mar ik moat earlik wêze, dat hawwe sy al faker tasein. Litte we hoopje dat we yn de simmer witte wêr't wy oan ta binne."
"It sil dan net trochgean en dan sjogge wy noch wat wy dogge, mar at it wol trochgiet sille wy de winning op in netsjese wize dwaan en Noardeast-Fryslân ek helpe. En sa't ik sei, as Ternaard of wy ûngelyk hawwe en der komt gedoch fan, dan slute wy it yn en beëinigje wy dat."
"Mear jild nei de regio"
Gaswinning leveret al jierren miljoenen op foar de Steat. "De NAM en de sintrale oerheid hawwe mei gaswinning al in hiel soad jild fertsjinne, mar Noardeast-Fryslân hat dêr net in soad oan hân. Ik hoopje dat wy dat mei Ternaard feroarje kinne. Dat der mear jild yn it gebiet bliuwt", beslút de NAM-direkteur.