Grutte útslaande brân yn Boerum, wenpleats ferlern

Op in wenpleats oan de Keegensterweg yn Boerum is freedtejûn in grutte útslaande brân útbrutsen. De wenpleats kin beskôge wurde as ferlern.
Bewenners en bisten hawwe it pân op tiid ferlitte kind. Sinnepanielen binne troch de brân knapt en stikjes binne ferspried yn de omjouwing. In grut diel fan de pleats stie al yn de brân doe't de brânwacht oankaam.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat gjin asbest frijkaam is.
De brânwacht advisearret by lest fan reek de ramen en doarren ticht te hâlden en meganyske fentilaasje út te setten.
Hurde wyn
Helptsjinsten binne rûn 18.30 oproppen foar in middelgrutte brân, al gau is opskaald nei in grutte brân. De ôfdielingen fan Bûtenpost, Burgum, Dokkum, Zoutkamp en Grijpskerk hawwe holpen by it blussen fan de brân. Dat wie hast net te dwaan. Troch de hurde wyn krige it fjoer maklik fet op it reiden tek.
In oproppen heechwurker koe werom. By de pleats wie gjin mooglikheid dy op te bouwen.
De bewenners binne bot oandien en hawwe oar ûnderdak fûn. De oarsaak fan de brân falt net mear te efterheljen.