In sulveren leppel fertelt it politike ferhaal fan Eise Eisinga

"In plaats van S. Weers is tot vroedsman gekozen E.J. Eisinga den 7 janu 1777" © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It binne twa bysûndere oankeapen fan it Planetarium yn Frjentsjer: Twa leppels. It is it earste taastbere bewiis fan de politike karriêre fan de astronoom Eise Eisinga.
Nee, Eise Eisinga hat der gjin sop fan iten. Dochs hawwe de twa leppels dy't it Planetarium oankocht hat in bysûndere wearde. It fertelt it ferhaal fan it begjin fan de ferneamde astronoom syn politike wurkpaad. De leppels binne oankocht op in feiling.
"Dat was heel spannend", seit direkteur en konservator Adrie Warmenhoven, "We hebben daar een speciale deskundige heen gestuurd."
It Planetarium is mei't sin low profile bleaun út eangst foar hannelers dy't der wol jild yn seagen: "Je moet het stilhouden, dus dat hebben we elkaar goed ingeprent. Op de dag zelf was het heel spannend. We waren maar aan het wachten op bericht. Tot onze grote vreugde is de aankoop gelukt."
Eisinga syn leppels
Op de leppels stiet in tekst gravearre: "In plaats van S. Weers is tot vroedsman gekozen E.J. Eisinga den 7 janu 1777." In boadskip rjochte oan kiesman A. Lentz. Soksoarte leppels steane ek wol bekend as 'electeurslepels'.

Kieskado

Warmenhoven: "De gewoonte was dat als je verkozen werd, als dank aan de leden van de kiescommissie een diner gaf. Daarbij kregen de kiesmannen een zilveren lepel. Deze lepel met inscriptie komt ineens op de markt. En die hebben we hier nu gewoon liggen!"
In fersliten stik oan de râne fan de leppel lit sjen dat er faker brûkt is. En omdat it oan de linkerkant fan de leppel sit, kinne se efterhelje dat Lentz rjochtshândich wie.
Direkteur Adrie Warmenhoven mei de leppel fan Eise Eisinga © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Eisinga kaam fan jannewaris 1777 ôf yn it Frjentsjer bestjoer. Hy waard keazen as opfolger fan de ferstoarne Sicco Weers. Yn totaal wiene der sân kiesmannen. Lentz wie de sechsde. It Planetarium hie noch gjin guod dat Eisinga syn politike karriêre illustrearre. Dus binne se der by it Planetarium mar al te wiis mei.
"We willen de persoon Eisinga goed laten zien. We laten zijn wolkammerij zien, zijn handschrift en natuurlijk zijn planetariumkamer. Maar zijn politieke carrière kunnen we alleen maar in tekst beschrijven. Nu kunnen we het illustreren met een gebruiksvoorwerp waar zo'n mooi verhaal achter zit", seit Warmenhoven.
Oan de ûnderkant is slytaazje te sjen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Dochs hat it geskink gjin fertuten dien. De politike karriêre fan Eisinga wie in 'rollercoaster'. It liket suver in soap, seit Warmenhoven: "In die tijd was er politieke oproer. Een patriottistische beweging tegen het stadhouderlijk gezag. Eisinga was als bekend Franeker een van de aanvoerders van de beweging."

Ferband nei Grinslân

"Op een gegeven moment stuurde de stadhouder Pruissische troepen naar Franeker, om de boel te onderdrukken. Daarop zijn Eisinga en een aantal anderen gevlucht. Na een jaar dacht hij dat de kust veilig was. Ze zagen hem nog steeds als een van de aanstichters. Hij is gevangen gezet in de Blokhuispoort."
"Na een proces is hij vijf jaar verbannen naar Visvliet in Groningen. In de tussentijd is zijn vrouw overleden en is het Planetarium stilgevallen. Uiteindelijk is hij na 6 á 7 jaar pas weer teruggekeerd naar Franeker. Het illustreert maar weer het bijzondere verhaal van Eisinga."
De twadde leppel is in geskink fan de keazen boargemaster B. Adama yn 1771 oan kiesman Lentz. De oankeap wie mooglik troch stipe fan de stifting Freonen fan it Planetarium. Ynkoarten binne de bysûndere leppels dan ek oan te skôgjen yn de fêste eksposysje.