Van Wonderen mist mooglik Bruma of Bochniewicz yn krusjaal duel tsjin Go Ahead Eagles

© Orange Pictures
It is noch net wis oft Hearrenfean-spilers Jeffrey Bruma en Pawel Bochniewicz snein spylje kinne. De twa sintrale ferdigeners binne net hielendal fit. Hearrenfean spilet snein de lêste wedstriid fan it seizoen, in alles-of-neat-wedstriid tsjin Go Ahead Eagles.
Hearrenfean treft snein yn it útferkochte Abe Lenstra Stadion de nûmer tsien fan de earedivyzje Go Ahead Eagles. Dat docht Hearrenfean wol wer mei Ché Nunnely. Hy koe tsjin PSV net meidwaan, mar hat dizze wike wer goed meitraind.
Earder waard al bekend dat Andries Noppert wer op 'e goal stiet. Bochniewicz koe ôfrûne snein tsjin PSV ek net meidwaan en hat krekt as Bruma lêst fan wat spierklachten. Trainer Kees van Wonderen ferwachtet lykwols net dat Bruma én Bochniewicz alle twa net meidwaan kinne.
Kees van Wonderen oer de ein fan it seizoen
Hearrenfean stiet no achtste en dat betsjut in plak yn play-offs foar Europeesk fuotbal. Mocht Hearrenfean winne, dan binne se wis fan it achtste plak. By in lykspul is Hearrenfean ôfhinklik fan wat RKC Waalwijk docht tsjin Cambuur. By in nederlaach giet Go Ahead Eagles sowieso oer Hearrenfean hinne en sit it seizoen foar Hearrenfean derop.

Wannear is it seizoen slagge?

Hearrenfean kin dus noch achtste, njoggende of tsiende wurde. Mar wannear is it seizoen no krekt slagge?
"Ik weet niet of dat afhangt van die laatste wedstrijd en het halen van dat achtste plek. Ik denk dat het voor de club veel belangrijker is dat er perspectief is. Ik heb me vanaf het begin beseft dat Heerenveen heel graag achtste wil worden. Maar dat we ook veel clubs om ons heen hebben, die daar ook voor vechten. En die marges zijn klein."
Het seizoen is niet geslaagd als we geen achtste worden.
Kees van Wonderen
Van Wonderen is oant no ta foaral in trainer dy't sjocht nei de ûntwikkeling fan syn team. Hy fyn dat der noch flink wat "werk te verzetten is" by Hearrenfean, mar hy wol, nei wat oantrúnjen, net echt sizze oft it seizoen no slagge of mislearre is as Hearrenfean gjin achtste wurdt.
"Is het seizoen dan geslaagd? Nee, dat is heel moeilijk. Daar kun je geen stempel op drukken. Maar het seizoen is niet geslaagd als we geen achtste worden, laten we dat maar concluderen."
De wedstriid Hearrenfean-Go Ahead Eagles is snein live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Roelof de Vries is de kommentator. Ek it foar Hearrenfean belangrike duel tusken Cambuur en RKC Waalwijk is live by Omrop Fryslân te folgjen. Geert van Tuinen sit yn it Cambuur-stadion.