Nije kuorbalpeallen moatte soargje foar nije lading sporters

De gemeente De Fryske Marren is tenei 14 kuorbalpeallen riker. Dy moatte de leechrin yn de kuorbalsport in halt ta roppe. Yn fjirtich jier tiid is it tal kuorballers yn ús provinsje de helte minder wurden.
Yn Aldegea, Súdwest-Fryslân is de earste kuorbalpeal pleatst by basisskoalle ABBS de Fluessen.
Kuorbalpeallen
Ynisjatyfnimmer Joop Meijer fan kuorbalklup KV Lemmer sjocht mei fernoegen nei de bern dy't de bal troch de earst pleatste kuorbalkoer besykje te krijen. "Wy woene de bern nei de coronaperiode mear oan it sporten te krijen. Wat is dan better om op in skoalplein te begjinnen? Dat is it tichst by de bern. Dus dêr hawwe wy foar keazen."
It jild foar de peallen komt tegearre mei sponsoaren út it lokale sportakkoard fan de gemeente Fryske Marren. Wethâlder Barbara Gardeniers fertelt wêrom it jild sa ynset is: "Juist op zo'n schoolplein, dat heel erg uitnodigt om lekker in beweging te komen, is zo'n korfbalpaal echt ideaal. En is het gewoon belangrijk kinderen van de schermen af te houden en in beweging te krijgen."
Nije leden
It pleatsen fan kuorbalpeallen moat dêrneist de leechrin yn it kuorbal yn Fryslân foarkomme. It inisjatyf komt fan fjouwer kuorbalklups út dy regio dy't yn oparbeidzjen mei de gemeente de kuorbalpeallen op skoalpleinen delsette.

It giet om KC Harich, SC Joure, DTG út Wikel en KV Lemmer. "Wy hawwe der allegear wol mei te meitsjen dat it oantal leden wer werom rûn is. Alle leden binne natuerlik wolkom, it is ek om nije leden te werven. Dus dat wolle wy no op dizze wize omheech sjen te heljen, en mei syn fjouweren kinne wy mear as allinnich."
Mear peallen
Yn de takomst moatte der noch mear peallen komme, fynt Meijer: "Fanôf nije wike geane wy de rest fan de tretjin skoallen dwaan. En as dat allegear slagge is wolle wy yn it neijier sjen oft wy in nije oanfraach dwaan kinne foar in twadde ronde want der binne noch nije skoallen dyt harren oanmeld hawwe."