Flylân fergeat wetlik advys te freegjen by sloop fan ryksmonumint Coop

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De gemeente Flylân hat foar de sloop fan de âlde Coop gjin advys ynwûn by de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (RCE ). Dat hie wol moatten, omdat it sloopte pân oan de Doarpsstrjitte 108 in ryksmonumint is.
Foar de nijbou fan de Poiesz op it plak fan de eardere Coop-supermerk binne twa gebouwen sloopt. Fan it yn 1893 boude monumintale pân dêr't de Coop yn siet, bleau allinne de kop fan de foargevel sparre. De rest fan it pân is folslein sloopt.
Dêrfoar hat de gemeente Flylân in fergunning ferliend sûnder advys yn te winnen by de Rijksdienst, dy't in wetlike advystaak hat by yngripende wizigingen fan in ryksmonumint.

Tige earnstich

It slopen fan in ryksmonumint is "zeer ernstig en te allen tijde ongewenst", skriuwt de Rijksdienst yn in brief oan de gemeente. "Wij begrijpen dat Vlieland een kleine gemeente is met een beperkt aantal inwoners. Hier zal ook zeker geen sprake zijn geweest van kwade opzet."
Ympresje fan de nije supermerk © Omroep Zilt
De gemeente jout yn syn reaksje ta dat de Rijksdienst "ten onrechte" net belutsen waard by it fergunningtrajekt. Mar de tsjinst is wol yn in earder stadium, yn de proseduere foar it bestimmingsplan, troch de gemeente op de hichte hâlden.
It pân oan de Doarpsstrjitte 108 wurdt no mooglik út it ryksmonuminteregister skrast. Rijksdienst en gemeente sille yn petear om foar de takomst goede ôfspraken te meitsjen.

Nijbou

De nije Poiesz oan de Doarpsstrjitte is it earste filiaal fan de Fryske supermerkketen op in Waadeilân. Neffens de lêste planning iepenet de winkel syn doarren op moandei 25 septimber. Oant dy tiid - benammen yn juny en july - fine der in soad bouwurksumheden plak dy't foar hokker lûdsoerlêst soargje kinne, lykas it montearjen fan de stielkonstruksje.
As de nije supermerk iepene is, wurdt noch fierder wurke oan de ôfbou fan apparteminten dêr't personiel yn húsfeste wurdt. Dit sil noch oant ein dit jier duorje.