Resinsje iepenloftspul 'Freddy - Hâld my net tsjin' op 'e Tynje: "Net alle jierren priis"

Henk te Biesebeek beskôget 'Freddy - Hâld my net tsjin' © Omrop Fryslân
Gean der mar oanstean. In bewurking fan de film Bohemian Rhapsody oer de skiednis fan de wrâldferneamde band Queen en har leadsjonger Freddie Mercury as Frysk muzykteäter op 'e planken. Dat is de 150 frijwilligers fan iepenloftspul De Tynje slagge.
Nei de suksessen fan foargeande jierren wurde de hege ferwachtings dit kear spitigernôch net wiermakke.
De iepening is oars ferrassend. De spilers dy't har foar it publyk transfoarmearje ta de persoanen dy't se spylje sille. Sadat de taskôger wol yn de gaten hat dat hjir in stel goedwollende amateurs stean, dy't sels ek wol beseffe dat se mei dizze produksje wol hiel folle hea op de foarke nimme. Faaks dit kear in bytsje te folle.
Queen op 'e Tynje mei Laura Oosterloo as de jonge Freddie Mercury © Berend Drent
Oan de spilers sels sil it net lizze. Ynset en entûsjasme genôch. En nei in wat wifeljend en net hielendal suver muzikaal begjin gean de fûsten omheech by it liet 'We want it all'. De ploech is der klear foar.

Kompleks

Sis Freddie Mercury en jo sjogge daliks de flamboyante performer foar eagen. Dy fantastyske sjonger, mei in stimberik fan fjouwer oktaven, dy't mei syn artistike ekstrafagante bravoer in act op it poadium delsette koe, wêrmei't hy in miljoenepublyk yn ferfiering brocht. En dy't neffens de oerlevering ek yn it deistich libben sawol geniaal as eigenwiis en yrritant dominant wêze koe. Mar yn syn hert eins hiel beskieden wie. Fyn foar sa'n kompleks persoan mar immen yn Fryslân dy't dy rol optimaal fertolkje kin.
De muzyk wurdt live spile © Berend Drent
Regisseur Jelmar Hoekstra hat derfoar keazen om de haadrol dêrom troch twa persoanen spylje te litten. Laura Oosterloo, jawol in frou, spilet de jonge Freddy, wylst Yte Boscha yn de hûd fan de âldere Mercury krûpt. Hoekstra lit dizze jûn mear manlike rollen troch froulju spylje. Wat troch it androgine karakter fan it oarspronklik ferhaal gjin inkel probleem opsmyt.

Dimmen

Wol bliuwt de fraach wêrom't Laura Oosterloo yn har rol sa dimmen bliuwt. En fan de regisseur net mear romte krigen hat om just dat ekstrafagante en de bravoer fan de frontman fan Queen nei foaren te bringen. Dat wie ommers ít hannelsmerk fan Mercury. Oosterloo hâldt har spul benammen lyts en siket dêrby komselden direkt kontakt mei it publyk.
As se dan yn in emosjonele sêne foar ús stiet mei har oandwaanlik eagen boppe dy swarte Mercury-snor, ropt dat by my earder bylden op fan Groucho Marx fan de eartiids ferneamde Marx Brothers as fan de flamboyante Mercury. En dat kin dochs net de bedoeling wêze.
It folsleine ensemble op 'e planken: mear as 30 minsken yn 't spier © Berend Drent
Oosterloo stiet oars wol har 'mannetje' yn de lieten dy't se nei foaren bringt. Moai hoe't har Fryske ferzje fan 'Somebody to love' it publyk meilûkt yn de kearn fan it enervearjende mar dochs ek tryste libben fan Mercury. It sykjen, mar nea fine kinne: "Fyn my immen dy't ik leafhawwe kin."

Stofsûgersêne

Kompleminten foar de Fryske oersettings fan de Ingelske teksten troch Jelmar Hoekstra en Johan Meesters, dy't ek de rol fan gitarist Brian May foar rekken nimt. Lietfrases as 'Ik wol by dy wei' (I want to break free) en 'Hâldt my net tsjin' (Don't stop me now) klinke as oarspronklik Frysk yn 'e earen. In letterlike oersetting as 'Ik brek mysels frij' is dan wer justjes minder. Hawar.
De offisjele fideoclip dy't by dat lêste nûmer heart, wurdt op it poadium prachtich foarm jûn. Regisseur Hoekstra set alle registers iepen en makket fan de ferneamde stofsûgerene ien fan de hichtepunten fan de show.

Klankkleur

Dan is it wol wer spitich dat de balâns tusken sjongen en muzyk net altyd yn evenwicht is. Wêrtroch't somtiden de teksten gewoan net te ferstean binne. Dy muzyk wurdt oars wol live spile troch de band ûnder lieding fan Sander Stienstra. Knap hear. Dat dan net altyd de klankkleur en it nivo fan de band Queen sels helle wurdt, sil nimmen har kwea ôf nimme.
Oeral en altyd op it poadium wol wat te sjen © Berend Drent
It publyk moat de kop der oars wol by hâlde. Der bart ommers fan alles, oeral en tagelyk op it poadium en yn it dekôr. Wylst Laura bygelyks mei har tekst de fokus leit op in bepaalde episoade út it libben fan Mercury, ferbyldet Yte oan in sydkant fan it dekôr sûnder wurden in oare libbensfaze fan de haadpersoan.
Dat hâldt de spanning en faart deryn, mar soarget bytiden ek foar betizing. Boppedat bliuwe troch de grutte stappen dy't hjirmei nommen wurde bepaalde episoades út it libbensferhaal fan Mercury ûnderbeljochte.

Film

De haat-leafdeferhâlding mei de 'foute' freon en manager Paul Prenter komt bygelyks net goed út de ferve. En ek de betsjutting fan syn grutte leafde Mary Austin bliuwt oan de opperflakte hingjen. Om mar te swijen fan it momint dat Mercury oan syn bandleden fertelt dat er aids hat en eefkes letter oan de sydkant fan it poadium bûten de spotlight ek stjerre sil. Dan fladderet it spul alle kanten op. Knap hoe't Jacob Hettinga as de butler Jim Hutton oerein bliuwt. In momint fan filmkwaliteit.
Der wurdt hiel knap songen yn Freddy, mar net altyd yn balâns © Berend Drent
Dan krûpt de foarstelling nei hast trije oeren (!) nei de ein. Mar wol mei in finale dy't bewûndering ôftwingt en it publyk stil makket. Hoe't de spilers de kostúms ôfsmite en as gewoane minsken lykas do en ik it poadium ferlitte. Hoe't Yte en Laura, dy't de hiele jûn om inoar hinne sirkele ha, mekoar no yn harsels weromfine. Ien wurde mei-inoar en Freddy wer oan Mercury weromjouwe.
De put sit der op, it karwei is útfierd. Oer trije jier mar wer. En dan graach mei in bytsje minder ambysje.