Ofskie nimme stiet sintraal by Cambuur, mei gebak fan Doke Schmidt

Alles liket by SC Cambuur dizze dagen te draaien om ôfskie nimmen. Nee, sa korrizjearret trainer Sjors Ultee. "Er hoort nog een woordje voor. Goed afscheid nemen."
Der stiene freed twa doazen mei gebak yn it Cambuur Stadion. Ofstjoerder: Doke Schmidt. "Ik wilde het kantoorpersoneel bedanken voor de afgelopen vier jaar. Je komt elkaar elke dag tegen. Ik hoop dat ze, samen met de goeie koffie die hier is, genoten hebben van de twee taartjes."
Freedtemiddei is der in lunsj mei spilers en kantoarpersoniel, om't de spilers en stêf nei dit wykein útwaaie. Sneon wurdt der noch traind en snein is fansels de wedstriid tsjin RKC Waalwijk, mar dêrnei is it fakânsje en komme der in hiel soad spilers net werom yn it Cambuur Stadion (sjoch hjirûnder).
Ien fan harren is dus Schmidt. Syn ôfrinnende kontrakt is net ferlinge en dus lûkt er de doar fan it Cambuur Stadion sneintemiddei nei fjouwer jier efter him ticht. "Ik heb me hier vier jaar lang elke dag goed gevoeld."
Doke Schmidt spilet snein syn lêste wedstriid foar Cambuur
It is 22 july 2019 as de berne Feanster in kontrakt tekenet by Cambuur. Sjoen syn ferline by sc Hearrenfean bringt dat ûnder de Ljouwerter supporters wol wat opskuor mei him mei. Hoe oars is dat no. Dit seizoen hong der hast alle wedstriden in spandoek mei de tekst: 'Doke is van ons'.
De Cambuurfans hawwe de hurdwurkjende ferdigener yn harren herten sluten, ta grutskens fan de haadpersoan sels. "Dat spandoek doet me heel goed. Daar ben ik wel een klein beetje trots op, op mezelf."
Het kan een mooi voorbeeld zijn voor heel Nederland dat je naar de rivaal kunt en dat je ook daar gewaardeerd kunt worden.
Sterker noch: Schmidt hopet dat de fuotbalwrâld der in les út lûkt: "Het kan een mooi voorbeeld zijn voor heel Nederland dat je naar de rivaal kunt en dat je ook daar gewaardeerd kunt worden."
De 31-jierrige ferdigener is ien fan de spilers dy't snein in basisplak hat yn it duel mei RKC. De tsjinstanner spilet noch wol earne foar: dy kinne noch achtste wurde en de play-offs helje om Europeesk fuotbal. RKC is de grutste konkurrint dêryn fan sc Hearrenfean.
Njonken Schmidt spylje manlju as Calvin Mac-Intosch, Mitchel Paulissen en Jamie Jacobs. Spilers dy't de suksesfolle jierren fan de klup meimakke hawwe mei in kampioenskip yn de earste divyzje en de heechste klassearing ea yn de earedivyzje.
Mar, Ultee ferwachtet wol wat fan harren. "Je hebt niks aan vervelend afscheid nemen, dan kan je het beter niet doen. We willen graag een vervelend seizoen zo goed mogelijk afsluiten. We willen jongens een mooie laatste wedstrijd geven die hier jarenlang succes hebben gehad."

Dat it syn lêste wedstriid yn it giel-blau wurdt, dêr stiet Schmidt noch net sa bot by stil. "Ik ben vrij nuchter. Tuurlijk is het anders dan de andere jaren, maar het is ook weer een wedstrijd. Erna zal ik er waarschijnlijk wel over nadenken.
Henk de Jong
Wa't freed ek by de training en de lunsj mei it kantoarpersoniel wie, is âld-trainer Henk de Jong. Hy is herstellende fan syn operaasje oan de holle. Ofrûne woansdei wie De Jong ek al te sjen by de bekerfinale fan de beloften fan Cambuur.
Ultee is bliid De Jong wer te sjen yn it stadion. "Ik vind het heel fijn, vooral voor Henk, dat hij hier weer kan zijn. Vanaf de eerste dag heb ik Henk gezegd dat hij altijd welkom is. We hebben altijd goed contact gehouden."
By de minsken dy't snein ôfskie nimme fan de klup, heart ek assistint-trainer Rob Alflen. Dizze wike makke Omrop Fryslân bekend dat er gjin nij kontrakt krijt by Cambuur.
Ultee, dy't Alflen der perfoarst by hawwe woe as assistint doe't er by Cambuur kaam, wol dêr net op reagearje om't Cambuur it sels noch net kommunisearre hat: "De club zal communiceren als er duidelijkheid is. Dat is niet aan mij."
Trainer Sjors Ultee hopet op in goed ôfskie foar syn spilers tsjin RKC
It is noch net dúdlik wêr't de takomst leit fan in hiel soad spilers dy't Cambuur ferlitte. Ek Schmidt wit noch net wat er takom seizoen docht. "De Friese profclubs zijn nu op hé?", laket Schmidt. "Er speelt nog niks. Ik denk dat ik nog wel van waarde kan zijn voor een aantal ploegen in Nederland."
Dizze spilers nimme allegear ôfskie by Cambuur
Robbin Ruiter |
João Virginia |
Calvin Mac-Intosch |
Doke Schmidt |
Maxim Gullit |
Sai van Wermeskerken |
Mees Hoedemakers |
Jamie Jacobs |
Mitchel Paulissen |
Robin Maulun |
Ben Rienstra |
Navarone Foor |
Felix Mambimbi |
Mimoun Mahi |
Bjørn Johnsen |
David Sambissa |
Remco Balk |
De wedstriid fan SC Cambuur tsjin RKC Waalwijk is snein live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen docht it kommentaar by it duel. De wedstriid set om healweis trijen útein.
Om dyselde tiid begjint ek it treffen tusken sc Hearrenfean en Go Ahead Eagles. De wedstriid is noch fan belang foar it achtste plak en pleatsing foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Fan it Abe Lenstra Stadion út docht sportferslachjouwer Roelof de Vries it kommentaar.