Gerke (69) en Izaak (75) helje swimdiploma: "Oare wike fuort yn de praktyk bringe"

Gerke (l), swimjuf Anje en Izaak (r) © De Kûpe Bûtenpost
Yn swimbad de Kûpe yn Bûtenpost moasten dizze wike twa bysûndere learlingen ôfswimme. En dat dienen se goed, want Izaak (75) en Gerke (69) hawwe yntusken harren B-diploma yn ûntfangst nommen.
De manlju dienen dat omdat se benaud wienen foar it wetter. "Doe't ik hiel jong wie, ha ik yn de Burgumer Mar wat traumatysks meimakke", fertelt Gerke út Feanwâlden. "Foar myn gefoel gong it flink mis."
Hy hat dêrnei altyd benaud west foar it wetter. "Ik swom wol in lyts bytsje, mar elkenien moast by my út de buert wêze. Ik tocht: as ik klear bin mei wurkjen, wol ik it leare." Se ha der yn Bûtenpost echt de tiid foar nommen, fertelt er. "No bin ik der echt trochhinne."

Diploma A oerslein

Tegearre mei Izaak gong er foar syn diploma. En dat gong sa goed, dat er diploma A oerslaan mocht. No't er syn B-diploma hat, wol er syn lessen ek brûke. "Ik ha krekt even net swom omdat ik oan it trainen bin foar de Fytsalvestêdetocht, mar saterdei oer in wike geane wy op fakânsje nei Súd-Frankryk. Dan kin ik it oan de Middellânske See fuort yn de praktyk bringe."
Swimbad de Kûpe yn Bûtenpost © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
"Het is voor ons de eerste keer dat we leerlingen in deze leeftijdsgroep les hebben gegeven", seit manager Maarten Been fan it swimbad. "Het verhaal erachter maakt het vooral bijzonder. Ze hebben een traumatische ervaring gehad en hebben daarna eigenlijk nooit meer gezwommen. Ze kunnen nu weer met hun kleinkinderen gaan zwemmen als ze willen."
It Bûtenposter swimbad lit witte grutsk te wêzen op de beide manlju. "Het is een bevestiging en voorbeeld dat ze ondanks hun leeftijd toch nog kunnen leren zwemmen en geen watervrees meer hoeven te hebben."