Doelman Bekkema jout jongesdream net op en giet foar sânde seizoen by sc Hearrenfean

Doelman Jan Bekkema © Orange Pictures
Doelman Jan Bekkema spilet ek takom seizoen wer by sc Hearrenfean. De Fryske keeper hat syn hantekening set ûnder in kontrakt oant de simmer fan 2024.
It wurdt it sânde seizoen fan Bekkema by de earste seleksje. Earder trochrûn er ek al de jeugdoplieding fan Hearrenfean. Yn 2019 stie Bekkema wol noch twa moannen ûnder kontrakt op it fjirde nivo fan Dútslân, by SV Straelen. De 27-jierrige Drachtster wachtet by Hearrenfean noch wol altyd op syn debút.
"Jan is een zeer gewaardeerde kracht bij onze club. Altijd hard werkend en in dienst van het elftal. Dit seizoen heeft aangetoond hoe belangrijk het is om over meerdere goede doelmannen te beschikken", seit technysk manager Ferry de Haan oer it ferlingjen fan Bekkema.