De Opslach yn Wommels fernijt it hiele skoalplein: "It wiene earst allinne mar tegels"

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De skoalpleinen yn Fryslân binne net grien genôch. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Instituut voor Natuurbeschermingseducatie. Fan alle provinsjes yn Nederlân stiet Fryslân op it njoggende plak.
Basisskoalle de Opslach yn Wommels wol dat graach feroarje. Se iepenje freed in nij skoalplein dat ek as twadde lesromte tsjinst docht. "Der is in hiel soad feroare", seit learaar Hillie Velde. Se is wiis mei it nije plein.
Der is in soad grien by kaam en plakken om te learen. "Wy ha in 'hûndertfjild', dêr't mei rekkene wurde kin. Fan de provinsje ha wy ek in ferkearsplein krigen, dêr't kinne wy ferkearsregels oefenje."

Moestún en wetterpomp

Njonken boarterseleminten is der in moestún om te learen hoe't je griente kweke kinne, in wetterpomp dêr't bern njonken boartsje mei wetter ek leare kinne hoe't dammen en slûzen wurkje.
Sintraal op it plein stiet de learlingarena: banken yn ferskate hichten mei in poadium yn it midden.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De opstelling lient him goed foar bûtenlessen of foar in mienskiplike iepening fan in tema bûten op it plein. Deromhinne leit in ferkearsplein fan de ANWB, dêr't bern mei fytsen en karren rûn ride kinne en tagelyk bewust wurde fan de ferkearsregels.
It plein is ûntstien troch in ûntwerp fan de bern sels, dy't mear grien en planten op it plein woene foar fûgels en ynsekten. Om it nije plak om bûten te boartsjen feestlik te iepenjen, sjongt artyst Syb van der Ploeg in spesjaal liet: de bern sjonge mei him 'In Nije Dei' dat omtovere is ta 'It Nije Plein'.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema