Prestaasjedeadline lit De Vries kâld: "Dat er druk is, is vrij normaal"

Nyck de Vries kin noch laitsje, nettsjinsteande de hege druk om te prestearjen © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries hat foar it earst reagearre op de deadline dy't Red Bull him steld hat om better te prestearjen. "Ik heb fouten gemaakt en verwacht ook meer van mezelf."
Nei't der al wiken praat wurden is oer dy deadline, reagearret de haadrolspiler foar it earst sels op de mediadei yn Monako. Nei syn tsjinfallende optreden yn Miami gong it ferhaal dat ferfongen wurde soe troch Red Bull-testkoereur Daniel Ricciardo. De Vries is mei Logan Sargeant, de Williams-debutant, de iennige koereur dy't noch gjin WK-punten helle hat.

Giele kaart

Helmut Marko, de grutte autosportbaas fan Red Bull - dat eigener is fan AlphaTauri - ûntkent dat De Vries troch Ricciardo ferfongen wurde sil. Hy seit wol dat it better moat.
Tsjinoer F1-Insider ferklearre Marko: "De kommende trije races gebeurt der neat. Nyck hat in giele kaart krigen, mar noch gjin reade. As er him ferbetteret, sil in koereurswiksel net nedich wêze."
Je vecht in de autosport altijd om te overleven.
Nyck de Vries
De koereur út Twellingea krijt noch trije races om him te bewizen. "Daar kan ik weinig over zeggen", seit er tsjin de oanwêzige Nederlânske media. "Ik lees niet alles wat er in de media verschijnt. Natuurlijk krijg ik het een en ander mee doordat andere mensen mij berichten sturen. Maar dat er druk is, is voor mij normaal. Je vecht in de autosport altijd om te overleven."
© Red Bull Content Pool
Neffens de 28-jierrige Fries feroaret der nettsjinsteande dy 'giele kaart' neat oan syn situaasje. Nei eigen sizzen fielt er ek gjin ekstra druk omdat er de kommende races leverje móat. "Dit is geen shock voor mij. Zo is de Formule 1 altijd al geweest."

Fjochtsje om te oerlibjen

Hy leit út dat de druk net oars is as earder dit seizoen. "Dat klinkt misschien gek, maar als coureur ben je in de Formule 1 altijd aan het vechten om je carrière voort te zetten. Eigenlijk is dat mijn hele loopbaan al zo geweest."
Ik ben zelfkritisch en verwacht het beste van mezelf. Ik vind dat ik dat nog niet heb laten zien.
Nyck de Vries
De Vries befêstiget dat it better moat. "Ik erken dat ik fouten heb gemaakt. Ik ben zelfkritisch en verwacht het beste van mezelf. Ik vind dat ik dat nog niet heb laten zien. Misschien word je dan te ongeduldig en ben je te gretig om jezelf te bewijzen."

Yn de muorre

Yn Bakoe einige er twa kear yn 'e muorre, wylst er him yn Miami by de start fergaloppearre en achterop Lando Norris knalde. En dat wylst er yn Azerbeidzjan de sechsde trainingstiid delsette en him yn Amearika foar teamgenoat Yuki Tsunoda kwalifisearre.
Nyck de Vries seit tsjin de media dat er gjin ekstra druk fielt © Red Bull Content Pool
De AlphaTauri-koereur beneamt ek dy goede mominten. "De snelheid is op er bepaalde momenten wel geweest en dat geeft vertrouwen. Maar ik heb gewoonweg te veel fouten gemaakt om die snelheid om te zetten resultaat. Maar goed, ook dat hoort bij het leerproces waar je als coureur doorheen gaat. Uiteindelijk ben ik ook maar een mens en maak ik fouten."
Nyck de Vries en Max Verstappen binne freonen. Viaplay frege yn Monako oan Verstappen oft de twa oer de situaasje fan De Vries praat ha. "We hebben het hier niet veel over gehad. Dat is ook niet nodig, Nyck weet wat nodig is", stelt Verstappen.
"Het is vooral belangrijk om hier rustig mee om te gaan. Als je gaat forceren, valt het de andere kant op. Nyck heeft één goed resultaat nodig. Hopelijk lukt dat hier in Monaco. Wat hem natuurlijk niet geholpen heeft, is dat hij aan het begin van het seizoen op veel onbekende circuits moest racen. Maar uiteindelijk word je afgerekend op je prestaties. Ik denk dat als hij één lekker resultaat haalt, hij in een goede flow komt waarbij hij ook niet al te veel hoeft te forceren."