Nije tsjinslach Koarnwertersân: Iselmar wurdt te sâlt troch djippe fargeul

De slûzen by Koarnwertersân © Shutterstock.com (Steve Photography)
It wetter yn de Iselmar wurdt sâlter as ferwachte, as it plan foar de oanlis fan de nije slûs by Koarnwertersân trochgiet. Deputearre Avine Fokkens wol sjen nei in minder djippe fargeul.
De djippere fargeul, dy't no noch by it plan heart, wurket neffens Fokkens as "een snelweg voor verzilting". Dat seit se by Omroep Flevoland. De plannen binne om de slûs yn de Ofslútdyk te ferbreedzjen, sadat der gruttere skippen trochhinne kinne.

Sâltgehalte

De fargeul soe dan ek tsien meter djip wurde, en dat 31 kilometer lang. As dat trochgiet, wurdt neffens ûndersyk fan Rykswettersteat it sâltgehalte fiif milligram per liter heger. Boppedat kinne der útsjitters yn sitte oant 75 milligram boppe it normale nivo.
Nije tsjinslach Koarnwertersân: deputearre Fokkens baalt
Om it wetter yn de Iselmar dan dochs swiet te hâlden, moat it fertinne wurde mei swiet wetter. Dêrfoar soe der elke sekonde tweintich kúb swiet wetter ekstra de mar yn streame moatte.
Deputearre Fokkens seit dat it no liket dat elke stap foarút yn it proses folge wurdt troch twa stappen tebek. Der wurde no plannen makke om it sâlter wurden tsjin te gean, bygelyks mei in minder djippe fargeul.

Underhâld

It ûnderhâld fan de nije fargeul moat neffens Fokkens foar rekken fan it Ryk komme. Ek eventuele ekstra kosten moatte neffens har troch it Ryk betelle wurde. Dêrom wol se mei Den Haag om tafel om oer it probleem te praten.
Se hâldt der fertrouwen yn dat de brede slûs der komt. Mar it op peil hâlden fan it swiete wetter is ek wichtich, seit se. Dêr mei net te maklik oer tocht wurde. "We hebben nu een stikstofcrisis, maar we willen graag voorkomen dat we over vijf of tien jaar de watercrisis hebben. Verzilting is wel iets wat breed speelt."
Fokkens hopet noch hieltyd dat it ferbreedzjen fan de slûs yn 2028 klear is.