Martin en Thirza Hofman helpe troch harren leauwen earme bern yn Súd-Afrika

© Omrop Fryslân
Dreaun troch har leauwen ferhuzen Martin en Thirza Hofman fan Ljouwert nei Súd-Afrika. Dêr helpe se bern yn earme wiken om Knysna hinne, it doarp dêr't it gesin wennet. "Onveilig is het niet per se, maar je moet wel opletten hier."
It wie 2011 doe't Martin en Thirza hearden dat minsken fan harren tsjerke nei Súd-Afrika ferhuzen. Dat rekke harren, seit Martin. "Daarna probeerden we ook die stap te zetten. Ik had mijn werk als gevangenisbewaarder, en zo waren er ook nog andere dingen, waardoor het er niet meer van kwam."
Knysna, Súd-Afrika © Omrop Fryslân
Mar it langstme groeide. In pear swiere longoperaasjes, dêr't er hast oan beswiek, dreau Martin noch mear nei Súd-Afrika. "Dat was echt de ommekeer. Ik wist: we gaan dit zendingswerk doen."

Eigen stifting

In 'ûntdekkingsreis' wie dy earste stap. Yn 2020 reizgen Hofman en syn frou mei in stifting mei om tsien dagen mei te wurkjen. "En nu zitten we hier alweer voor ons tweede jaar met de kinderen", seit Hofman. It stel stiet op it punt harren eigen stifting op te setten. It wurk dat sy dogge is hiel breed, fan it útdielen fan iten oant it organisearjen fan aktiviteiten foar bern.
"We geven voedselhulp aan heel veel kinderen die niet naar school gaan, die krijgen speciale pap met mineralen. Met het organiseren van activiteiten willen we de kinderen normen en waarden meegeven en liefde die ze thuis niet krijgen", seit Hofman.

Feiligens

Dat dogge Martin en Thirza yn in sloppewyk rûnom it plak Knysna, dat leit hielendal yn it suden fan it lân. It plak sels is wol feilich en toeristysk, mar yn de trettjin wiken deromhinne is dat wol oars. Hielendal feilich is it dêr nammentlik net.
Knysna, Súd-Afrika © Omrop Fryslân
"Je ziet dat er wel mensen zijn die bang zijn de wijk in te gaan. Maar hele onveilige situaties hebben wij niet meegemaakt. Het kost gewoon even tijd om een relatie op te bouwen."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
It gesin fielt him dan ek net ûnfeilich om't sy witte hoe't de wiken yn inoar sitte. "Je hebt je wel aan bepaalde spelregels te houden. We zijn bijvoorbeeld gestopt met avondactiviteiten, want er is een hoop drank- en drugsmisbruik, dus dan hangt er toch wel een ander sfeertje."

Stroom

Ek al is Ljouwert echt harren stêd, Knysna fielt no ek al as thús. Al is wol in grut ferskil dat de stroom no regelmjittich ris in pear oeren útfalt. Om't de 'plant' net genôch leverje kin binne der skema's ûntwurpen dêr't yn stiet hokker wiken op hokker oeren wol of net stroom hawwe. "Dat is wel eens lastig", jout Hofman ta.
Mar dochs hoecht it gesin net sa nedich werom: "We hebben het hier enorm naar de zin en geloven echt dat we op de plek zijn waar we horen te zijn."