Kroantsjespinnen en typmasines: Wijbrandischool reizget troch tiid op eigen iuwfeest

De CBS Mr. S. Wijbrandischool yn de begjinjierren © Dorpsarchief Oudehorne
100 jier lang namen learlingen plak yn de klasselokalen fan CBS Mr. S. Wijbrandiskoalle yn Aldhoarne. Om dizze ûnderwiisiuw te markearjen komt der op 2 juny in jubileumfeest.
Nei hûndert jier stiet er der noch altyd, de Mr. S. Wijbrandischool oan de Schoterlandsewei. Yn al dy tiid is er flink útdijd, mar it gebou is nea fan syn plak ôfwykt. In soad oantinkens dus, tusken dizze muorren. Ald-learlingen kinne dy mei-elkoar ophelje, yn de organisearre reüny op 2 juny.

Besyk út Australië

It tal opjeften is de hûndert yntusken foarby. Benammen de âlderen sjogge út nei it útsje. Opjaan kin oant 1 maaie, fia de mail. Dochs bellet in part. Meastal de 'boomers'. "Zij weten niet altijd hoe mailen werkt", fertelt direkteur Jan Hendrik Pesman (35).
"Sommige bezoekers komen van buiten het dorp. Zij vinden het ook leuk om de school weer eens te zien. Ik heb begrepen dat er zelfs oud-leerlingen vanuit Australië en Nieuw-Zeeland langskomen."
In het lokaal van 1980 tot 2000 vind je een typmachine en computers uit die tijd.
Direkteur Jan Hendrik Pesman
De lokalen binne dizze dei ynrjochte op basis fan desennia. Sa is der in romte mei skoalfoarwerpen út de jierren '20 oant en mei '40, '40 oant en mei '60, ensafuorthinne. "Je vindt bijvoorbeeld in het lokaal van 1980 tot 2000 een typmachine en computers uit die tijd, en in het lokaal van 1920 tot 1940 een kroontjespen." Ek binne der skoalfoto's fan dy oanbelangjende jierren. "Leuk voor de mensen om terug te zien en er met leeftijdsgenoten over te praten."

Sirkusact bern

Foar de hjoeddeiske learlingen is it ek in feestlike dei. Sy fermeitsje har mei it projekt Circus in de school. Elke groep riedt in foarstelling ta, mei in sirkusact as ûnderwerp. Om in oere as 12.00 folget op it skoalplein de útfiering foar de âlden.
De CBS Mr. S. Wijbrandischool yn Aldhoarne © Mr. S. Wijbrandischool
Dêrnei is it tiid foar in hapke en drankje. It nije logo sil de gebakjes siere. Dy wurdt nammentlik ûntbleate op dizze spesjale dei. Nei alle gedachten mei help fan in gûchelact.
It hjoeddeistige logo is in tsjuster each, mei dêryn twa bern. "We zijn een christelijke school en dit heeft betrekking op een Bijbelse uitspraak: 'bewaar ze als de appel van je oog'", seit Pesman. "Dat donkere oog kan alleen wat afschrikken. Dus het nieuwe logo zal iets lichter van kleur zijn, zoals je dat tegenwoordig vaak ziet."

School met den Bijbel

Oprjochter fan de skoalle yn Aldhoarne wie, yndied, de hear S. Wijbrandi. Hy iepene de doarren op 2 maaie 2023 (it jubileumfeest is in moanne opskood). Doe hjitte de skoalle noch School met den Bijbel. Nei in heale iuw waard dy omdoopt ta de hjoeddeiske namme.
Oprjochter fan 'e skoalle: S. Wijbrandi © Dorpsarchief Oudehorne
Sûnt dy tiid is de skoalle groeien bleaun. Yn de santiger jierren wie der in winsk om in beukerskoalle tsjin de legere skoalle oan te bouwen. Dy kaam der yn 1980. Dêrnei gie de boel, útsein de beukerskoalle, yn 1987 plat en kaam it hjoeddeistige gebou trije jier letter.
Der binne no seis lokalen, dy't plak biede foar de 130 learlingen. Mar fjouwer jier lyn wiene dat der noch 90. Oarsaken binne it sluten fan in skoalle yn in neistlizzende doarp en de legere hûzeprizen yn de omjouwing. De bern op de Mr. S. Wijbrandischool komme út Ald- en Nijhoarne, Jobbegea, It Hearrenfean, Ketlik, Mildaam en Bontebok.
De leerkrachten waren de chauffeurs van de schoolbus. Kun je het je voorstellen?
Jan Hendrik Pesman
Sy kinne yntusken net mear mei de skoalbus komme, lykas oant 2012 barde. Dit buske waard yn 1964 yn Aldhoarne yntrodusearre. "Leerlingen van omringende dorpen werden kosteloos opgepikt. De leerkrachten waren de chauffeurs. Kun je het je voorstellen?" Letter soenen de âlden achter it stjoer krûpe.

Feroaring yn ûnderwiis

Ien fan de monuminten fan de skoalle is Aeltsje van der Hoek (66). Sy stie der tusken 1981 en 2017 foar de klasse. Begûn as beukerjuf, en dêrnei hast elke groep lesjûn. Se seach it ûnderwiis foar har eagen feroarjen.
De Wijbrandischool yn de eardere jierren © Doarpsargyf Aldehoarne
"Yn de jierren '90 kamen bygelyks de kompjûters. Dat wie in flinke feroaring", wit se noch goed. "We moasten nei kursus en in diploma helje." De lêste wurksume jierren waarden troch de digitalisearring hieltyd dreger foar Van der Hoek. "Ik tocht dat ik aardich by wie, mar wêr't de jonge learkrêften der in healoere oer diene, hie ik twa oeren nedich. Tiid om plak te meitsjen, wist ik."
Basisfakken as rekkenjen en taal hawwe altyd harren plak holden. Yntusken binne der wol in soad nije aktiviteiten bykaam. "In lesprogramma oer jild, of in besite fan in timmerman dy't oer syn fak fertelle soe. En tusken de lessen troch waard der romte makke foar 'enerzers'. Efkes libjend memory spylje nei it lêzen", seit Van der Hoek. "Tsja, dat wie eartiids allegear ûntinkber."
Ast út de buert kaamst, en giest nei tsjerke ta, dan giest hoe dan ek nei de Wijbrandiskoalle.
Ald-learkrêft Aeltsje van der Hoek
Dan it leauwen. In ûnderdiel dat tsjintwurdich in oare rol hat op de skoalle. "Alden sjogge no foaral nei watfoar ûnderwiis der by harren bern past. Dy oanbelangjende skoalle kin dan tafallich kristlik wêze." Eartiids wie dat oars. "Ast út de buert kaamst, en giest nei tsjerke ta, dan giest hoe dan ek nei de Wijbrandiskoalle."

Prate mei âld-learlingen

As lêste, oer de reüny: "Dêr gean ik seker hinne! Prachtich dat se dat organisearje. Hooplik rin ik noch bepaalde âld-learlingen tsjin it liif. Want guon bliuwe dy as learkrêft foar altyd by."
Nettsjinsteande dat de Mr. S. Wijbrandiskoalle nea ferwiksele is fan lokaasje, komt de sloopkûgel dochs yn sicht. It plan is om yn 2028 yn in nij gebou te lûken, op miskien in oare lokaasje. Miskien dat dêr yn 2123 ek in feest plakfynt. Mei stokâlde kompjûters fan in iuw lyn.
Opjaan foar it jubileumfeest kin fia 100jaarwijbrandi@gmail.com.