Plannen foar earste 'griene' sinnepark fan Fryslân: "It lânskip net ferniele"

It soe it earste 'griene' sinnepark fan Fryslân wurde moatte: in park fan 25 bunder oan de Koumarwei tusken Burgum en Noardburgum.
Foar dat stik greide, njonken in enerzjysintrale fan Engie, ha de Enerzjy Groep Burgum (EGB) en ûntwikkelder Solarfields in fergunning oanfrege. En dat is dus net om der in gebrûklik sinnepark del te setten, fertelt EGB-foarsitter Piet Bruining: "Dy enerzjyfjilden mei allinnich mar panielen fine wy in ergernis."
Foarbyld foar oaren
Yn plak dêrfan moat it dus in 'grien' sinnepark wurde. "It moat passe yn de omjouwing, je moatte it lânskip der net mei ferniele." In sinnepark is grien as it foar 25 prosint grien is. Yn Burgum geane se foar 40 prosint: "Want wy wolle it hiel grien meitsje." Sa wolle se ek in foarbyld wêze foar oare parken.
It ynpassen yn de omjouwing is ek om mear draachflak by omwenners te krijen. Guon fan harren sjogge in gewoan sinnepark yn de greide net sitten.
As der winsken binne, dan kinne wy dêr finansjeel oan bydrage.
De EGB is al trije jier mei de plannen dwaande. Doe hienen se noch njoggen leden, yntusken binne dat der tritich. "As we foar 50 prosint eigener wurde kinne fan it park, krije we ek 50 prosint fan de opbringsten."
Ynwenners fan Burgum, Noardburgum en Jistrum kinne lid wurde. "De leden kinne dan beslute wêr't we dat jild út de opbringsten dan wer oan útjaan moatte. As der wat libbet yn de mienskip, as der winsken binne, dan kinne wy dêr finansjeel oan bydrage."
Noch gjin fergunning
Sa fier is it lykwols noch net, want der is noch gjin fergunning. Ynkoarten bringe de riedsleden fan Tytsjerksteradiel in besite oan de lokaasje. "In protte riedsleden witte wol wat der spilet, mar we hoopje se noch wat mear ynformaasje te jaan. Dan komme se derachter hoe't it der yn werklikheid útsjen moat."