Tsjinslaggen en druk: hegeskoalle sjocht faker mentale problemen by studinten

Nynke Boonstra is lektor en Nynke de Vries is studint en frijwilliger by @ease © Omrop Fryslan
Mear eangst, oer deistige saken en de takomst. Lektor ynnovaasje yn de soarch en psychiatry Nynke Boonstra sjocht in tanimming yn mentale klachten ûnder studinten.
Elkenien liket it aardich te hawwen op sosjale media en dus doare jongeren net te sizzen as it ris net sa lekker giet, neffens Boonstra.
Foar in part is dat noch de neisleep fan de coronakrisis: jongeren sykje yn har libbensfaze stipe ûnder elkoar en dat koe in skoft net. "Der is by guon wol wat in achterstân yn de sosjale ynteraksje ûntstien."
Yn de opfieding en ek op skoalle moatte jongeren leare hoe't se omgean moatte mei tsjinslach en druk, seit Boonstra. Op skoalle biede se in spesjale training oan dy't se makke hawwe yn gearwurking mei psychologypraktyk Maarsingh en Van Steijn.

Balâns

Boppedat moatte se no in ynhelslach meitsje om dy sosjale ynteraksje te learen. "Just omdat se jong binne, is dat hiel goed mooglik", seit Boonstra. As de problemen grutter binne, ferwiist NHL Stenden troch nei helpferliening.
Op de hegeskoalle wurdt der no mear nei de minsk sjoen yn stee fan allinne nei de studint. "Wat mear oft de studint as minsk yn balâns is, wat better it letter ek gean sil op bygelyks it wurk", leit Boonstra út.

Druk

Nynke de Vries is studint oan de NHL en wurket ek as frijwilliger by @ease yn Ljouwert. Dy lanlike foarsjenning, dy't no hast in jier draait, is in gearwurking tusken de hegeskoalle en ferskate 'ketenpartners'. De skoalle leveret studinten dy't as frijwilliger oare leeftiidsgenoaten helpe kinne.
De studinten leare sa sels ek hoe't se mei problemen omgean moatte. By @ease kinne minsken tusken de 12 en 25 jier nei binnen stappe sûnder ôfspraak om te praten. Chatte kin ek.
Gau it terras op en in foto pleatse as je sjogge dat oaren dat ek dogge.
Nynke de Vries sjocht druk fan sosjale media
Wat De Vries sjocht, is dat jongeren net witte wat se no eins sels wolle. Dat se bygelyks foldwaan wolle oan de ferwachting fan de âlders dy't graach wolle dat der foar in HBO-oplieding keazen wurdt. Ek bern fan skieden âlders dy't har altyd oanpasse as se fan de iene âlder nei de oare gean sitte derby.
De druk fan sosjale media komt ek faak foarby. "Gau sels ek it terras op en in foto pleatse as je sjogge dat oaren dat ek dogge", fertelt De Vries.

Prate

Se fernimt yn har omjouwing in taboe om te praten oer swierrichheden, wylst dat just sa helpe kin om foar te kommen dat de problemen grutter wurde.
Sels hat De Vries der gjin muoite mei. Se doart ek wol te freegjen by har freonen nei wat der bygelyks net aardich wie yn it wykein. Earder studearre De Vries skiednis, mar se hat no de switch makke nei de stúdzje social work.
Dêr fielt se har as in fisk yn it wetter. Sa siet se lêst by @ease oardel oere te praten mei in famke dy't nei ôfrin sei dat se wer in stikje blider wie. "Minsken wurde wol faker bliid fan my. Ik fyn it moai as ik dat bûten myn freonegroep om ek diele kin."
It is European Mental Health Week, dy't soargje moat foar ekstra omtinken foar de mentale sûnens fan jongeren en jongfolwoeksenen. De hiele wike jouwe jongereincoaches Raynor Tolsma en Sarah Storm by Omrop Fryslân op TikTok en Instagram útlis en tips oer bygelyks eangst en stress.