Feest4Daagse Appelskea kin trochgean, nettsjinsteande beswier fan de buert

© Shutterstock
It soe fierstente folle leven meitsje, fûnen trije buertbewenners yn Appelskea: fjouwer dagen lang wurdt der feest fierd dit pinksterwykein. Sy stapten dêrom nei de rjochter. De gemeente Eaststellingwerf gie djip troch it stof, wêrop't de bewenners harren beswieren ynlutsen.
Neffens it bestimmingsplan is in evenemint as de Feest4Daagse yn sporthal de Steegdenhal nammentlik hielendal net gaadlik. Dêr meie allinnich eveneminten mei in folle leger lûdsnivo hâlden wurde. De gemeente Eaststellingwerf ferliende goed in wike lyn dochs in fergunning, de tariedings wiene doe fol oan de gong.
De beswieren fan de buorlju, dêr gie de gemeente oan foarby. "Als we dit niet wilden, moesten we maar naar de rechter, werd ons gezegd", sei in buorfrou, dy't 20 meter fan it terrein wennet.

Oare lokaasje

Har oantinkens oan it âld-en-nijfeest yn de sporthal binne noch farsk. "We lagen de hele nacht wakker. Maar dachten toen, die ene nacht daar komen we wel door. Maar vier dagen feest, dat gaat ons te ver", sei se.
De rjochter neamde de ynhâld fan de fergunningen "verbazingwekkend." Der ûntbrutsen ûnderbouwingen en de ôfspraken wiene net dúdlik. De gemeentewurdfierder stelde him iepenhertich op. De gemeente sil mei de buert yn petear oer in passende temjittekomming foar de skea.

Beloftes

De gemeente sei ta yn de takomst net wer in evenemintefergunning foar de sporthal te ferlienen. Ek wurdt it lûdsnivo dit jier oanhâldend kontrolearre. Dêrneist is it maksimale tal besikers bysteld fan 1.200 nei 1.000 op in dei en komt de snackkarre fierder fan de wenningen te stean.
De buert gie dêrop akkoart mei de beloften en luts harren fersyk yn. It feest sil gewoan hâlden wurde. Under oare DJ Paul Elstak en Vangrail sille spylje.