Ryk stelt 12,6 miljoen beskikber foar fersterkjen Iselmarkust

De Iselmarkust by Laaksum © Shutterstock.com (Steve Photography)
It projekt foar it fersterkjen fan de Fryske Iselmarkust krijt in bydrage fan it Ryk fan 12,6 miljoen euro. De provinsje meldt dat op basis fan in brief fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Fryske bestjoerders.
It projekt 'Versterken Friese IJsselmeerkust' hat ta doel de wetterfeiligens yn it gebiet te fergrutsjen, it risiko op oerlêst troch it wetter just te beheinen en dêrneist de kwaliteit fan it wetter te ferbetterjen. De regio draacht 5 miljoen by.
De provinsje wurket gear mei de gemeente Súdwest-Fryslân, de gemeente De Fryske Marren, it wetterskip en natuerbehear-organisaasjes. Deputearre Friso Douwstra is "hiel bliid" mei it jild fan it Ryk. "Ik sjoch der nei út dat ynkoarten de earste skeppe de grûn yn kin."
Dat sil barre by ûnder mear Warkum, Hylpen en de strannen fan Gaasterlân. De wurksumheden begjinne ein dit jier of begjin takom jier en moatte foar 2026 klear wêze.