Fiif fertochten yn byld foar bedriging Pim Lammers

Pim Lammers © ANP
De plysje hat yntusken fiif fertochten yn byld foar it bedriigjen en misledigjen fan skriuwer Pim Lammers. Fjouwer fertochten binne yntusken heard, de plysje sil noch prate mei in fyfde persoan.
It is de bedoeling dat de plysje de dossiers ynkoarten oerdraacht oan it Iepenbier Ministearje, seit de plysje. It IM beslút dêrnei oft de fertochten ek ferfolge wurde. Lammers hat begjin juny in petear oer de saak mei de offisier fan justysje.

Deadsbedrigingen

Lammers lei yn febrewaris fan dit jier syn opdracht foar de Berneboekewike del om't er deadsbedrigingen krigen hie. Dy kamen nei online-oanfallen op him fanwege in âld ferhaal foar folwoeksenen dat er hast tsien jier lyn skreaun hat. Dat gie oer de relaasje tusken in jonge en syn trainer.
De opskuor ûntstie neidat in kristlike lobbygroep, presintatrise Monique Smit en model Kim Feenstra online en sûnder iennige kontekst in pear sinnen út it ferhaal dield hiene.
De plysje nimt de saak neffens in wurdfierder "zeer serieus: bedreiging is een ernstig en strafbaar feit. Deze personen dachten weg te komen met onlinebedreigingen aan een schrijver. Het vrije woord is een groot goed dat wij willen en moeten beschermen en bewaken."