Ferklearring Ellen Dekker oer fundearringsskea makket yndruk yn Den Haag

It ferhaal fan 'ervaringssaakkundige' Ellen Dekker fan Spangea oer de fundearringsskea oan har eigen âlde pleats hat yndruk makke yn de Twadde Keamer. Dekker nûge de leden fan de Keamerkommisje fan Ynlânske Saken út om de skea oan de pleats mei eigen eagen te besjen yn de Grutte Feanpolder.
"Deze situatie voelt als onrecht, vergelijkbaar met de aardbevingsschade in Groningen." Dekker fynt it ek mar nuver dat boeren dy't de bedriuwsfiering oanpasse moatte as it wetterpeil ferhege wurdt dêrfoar kompensearre wurde, wylst de skea foar bewenners mei fundearringsskea noch hieltiten net regele is.
Ellen Dekker fertelt har ferhaal yn Den Haag
"Voor 40.000 euro van de provincie en Wetterskip Fryslân kunnen wij geen nieuw huis bouwen. Dan wordt het hooguit een caravan op eigen erf." Dekker frege de Keamerleden dêrom om 'alsjeblieft' de rezjy te pakken yn it dossier. "Wij hebben namelijk haast, en dat geldt voor veel meer mensen met funderingsschade."
"Hartverscheurend"
"Ik vind het echt hartverscheurend om te horen", seit Keamerlid Laura Bromet fan GrienLinks. "Ik vind het hartstikke goed dat ze dat kwam vertellen. Dat zouden meer mensen moeten doen, want je ziet dat de Kamerleden daar echt door aangegrepen worden."
"Een dak boven je hoofd is één van de belangrijkste dingen in een mensenleven en als je door externe omstandigheden dakloos dreigt te worden, dan moet daar hulp bij komen", heakket Bromet ta.
Boaiemdelgong
It rûnetafelpetear fan tongersdei wie yn it foarste plak bedoeld om de feangreideproblemen by it Ryk op de politike aginda te krijen.
Bromet: "Er is tot nu toe helemaal geen politieke aandacht voor geweest. Dat is onterecht, want de bodemdaling gaat op termijn miljarden euro's kosten. Niet alleen voor huizen, maar ook voor wegen, bruggen, fietspaden en noem maar op. Het wordt daarom hoog tijd om hierover het debat aan te gaan."

Njonken Fryslân hawwe ek Noard- en Súd-Hollân te krijen mei boaiemsakjen yn de feangreide. Mar nearne yn Nederlân is neffens Bromet sa bot djipûntwettere yn de feangreide as yn Fryslân, sei it Keamerlid tsjin deputearre Douwe Hoogland.
Koade read-gefallen
Ek de Fryske deputearre wie tige te sprekken oer de bydrage fan Ellen Dekker. "Ik bin bliid dat frou Dekker har ferhaal hjir dwaan koe. It is wichtich dat it by de Twadde Keamer op it netflues komt, dat sokke gefallen der binne."
Hoogland heakke deroan ta dat de Provinsje Fryslân en it wetterskip net by steat binne om de skea fan koadereadgefallen as de pleats fan de famylje Dekker as regionale oerheden te fergoedzjen. Neffens de regeling fan provinsje Fryslân en it wetterskip kin Dekker no op syn meast 40 prosint fan it maksimum fan 100.000 skea fergoede krije.
Praktyske help
"De koadereadgefallen fine wy ek hiel ferfelend", seit Hoogland. "Mar as Fryske oerheden kinne we net alles betelje." Hoogland is boppedat fan betinken dat in eigen bydrage fan de eigener ek op syn plak is. Oanfoljende stipe fan it Ryk foar koadereadgefallen soe geweldich helpe kinne.

It rûnetafelpetear waard bywenne troch keamerleden fan PvdA, GrienLinks, VVD, D66 en CDA. De oare partijen wiene der net by. Hoogland wie likegoed tefreden. "Der is yn de Twadde Keamer belangstelling foar de problematyk. De belangrike partijen sieten oan tafel en dy bringe it boadskip wol fierder."
As it oan Bromet leit, komt der in ferfolch yn de foarm fan in debat mei de ferantwurdlike ministers. Tagelyk fynt se dat der ek wat regele wurde moat foar de koadereadgefallen, lykas de pleats fan Dekker. "Wat mij betreft zorgen we ook dat we snel praktische hulp kunnen geven. Mevrouw Dekker wordt een beetje kriegel van bestuurders die steeds hetzelfde zeggen. Dat snap ik. Er moet gewoon boter bij de vis komen."