Frijwilligers by Leger des Heils yn Snits romje yn in oerke de stêd op

Mei in grypstôk de wyk yn om ôffal op te romjen. Dat dogge se ien kear yn de twa wiken by it Leger des Heils yn Snits. 'Uur voor de Natuur' neame se dat. De gemeente Súdwest-Fryslân hat no ek de ôffalgripers plus jiskepûden beskikber steld.
Dêr binne se fansels mar wat bliid mei, mar der kinne ek noch wol wat frijwilligers by. Dy binne mar dreech entûsjast te krijen, sa seit inisjatyfnimster Aukje Wijnja. Tongersdei wienen der fjouwer frijwilligers. Mei de trije begelieders hawwe se seis jiskepûden mei ôffal fan de strjitte helle.
Snits wurdt elke twa wiken wer in stikje skjinner