Mear ynfeksjes yn Fryslân mei fleisitende baktearje: "Ja, we maken ons wel zorgen"

Yntinsivist Rick Gerritsen fan it MCL © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ferskate medyske ynstânsjes yn Fryslân sjogge in taname yn it tal ynfeksjes mei in fleisitende baktearje. Hat sikehûs MCL gewoanwei ien of twa pasjinten yn de twa jier mei dat syktebyld, no is it eltse moanne ien pasjint.
It medysk laboratoarium Certe fernimt ek in taname: se fine folle faker earnstige ynfeksjes.
"Het aantal gevallen is duidelijk toegenomen", seit yntinsivist Rick Gerritsen. Hy wurket op de ic-ôfdieling fan it MCL. "Daar schrikken we niet van, maar het is wel een ernstig ziektebeeld. Als je het niet zou behandelen, ga je er zeker aan dood."
Dit wykein behannelen se noch in pasjint mei it syktebyld. "Daar gaat het nu goed mee."
Mear ynfeksjes yn Fryslân mei fleisitende baktearje

Soargen

De fleisitende baktearje heart by de groep A-streptokokke-ynfeksjes. Dêrby hearre ek minder gefaarlike syktebylden lykas kielûntstekking, readfonk en krinten om it kin (krentenbaard).
Sa'n baktearje kin by guon minsken siikmeitsjend wurde. "De huid en het onderliggend weefsel gaat dan zo erg ontsteken dat je er ziek van wordt."
Streptokokken baktearje © Shutterstock
Dat der no alle moannen wol ien pasjint behannele wurdt mei de fleisitende baktearje, falt ek de yntinsivist op. "Ja, daar maken wij ons wel zorgen over. We weten niet precies wat er aan de hand is."
Streptokokken binne in groep baktearjes dy't by minsken ferskate sykten feroarsaakje kinne. Guon soarten streptokokken komme foar yn it lichem sûnder sykteferskynsels. Yn gefal fan sykte binne de ferskynsels meastentiids myld, lykas by kielûntstekking, readfonk en krinten om it kin (krentenbaard).
Wannear't in baktearje lykwols yn de bloedbaan of yn ûnderlizzend weefsel komt, is der sprake fan in saneamde ynvasive ynfeksje, wêrby't klachten ûntstean kinne lykas bloedfergiftiging. De baktearje wurdt ek wol de 'fleisitende baktearje' neamd om't in ynvasive ynfeksje derfoar soarget dat hûd en spieren ôfstjerre.
Boarne: RIVM
It is dus net dúdlik hoe't it kin dat no mear minsken sa slim siik wurde fan de baktearje, mar der binne wol fermoedens. "Het is een bacteriestam, een familie van bacteriën, die duidelijk een stuk agressiever is. Onze afweer is door de coronapandemie een tijdlang niet geprikkeld, dus wellicht dat het daardoor komt", seit Gerritsen.

Seldsum

De symptomen binne somtiden net like dúdlik. "Je ziet het aan een afwijking van de huid en extreem veel pijn. Als iemand dan koorts heeft en zich erg ellendig voelt, dan gaan bij ons de alarmbellen wel af."

Goed monitoarje

By de GGD sjogge sy ek in taname yn it tal gefallen. "Groep-A-streptokokken-infecties worden bij de GGD gemeld als iemand daar ernstig ziek van wordt," seit GGD-dokter Iris Koorevaar. "Sinds het begin van 2023 hebben we daar twintig tot dertig meldingen van gehad. In drie gevallen ging het om een vleesetende bacterie."
GGD-dokter Iris Koorevaar © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
No is it wol sa dat de meldingsplicht útwreide is en der diels dêrom mear meldingen binnenkomme. Dochs liket it oantal minsken dat der bot siik fan wurdt yn ferliking mei oare jierren faker foar te kommen, jout de GGD oan. "Daarom monitoren we scherp wat er aan de hand is."
By slimme gefallen docht GGD boarne- en kontaktûndersyk. Dat is gebrûklik by ynfeksjesykten. Yn sokke gefallen kin de omjouwing ek previntyf antibioatika krije.

Grutte ympakt op omjouwing

De yntinsivist wol net dat minsken benaud wurde. De ynfeksje is tige seldsum. En boppedat: "Niet ieder rood plekje is een vleesetende bacterie. Het gaat om mensen die een huidafwijking hebben die er eerst niet zat en die veel pijn doet waardoor de mensen algemeen ziek worden. Denk aan koorts, misselijkheid of griepverschijnselen."
By de redaksje fan Omrop Fryslân is ien pasjint bekend dy't yn april langere tiid op de intensive care fan it MCL lein hat mei de fleisitende baktearje. Mei dy persoan giet it yntusken wer better. De pasjint waard ferskate kearen operearre om syn libben te rêden.
"Jonge mensen herstellen snel. Oudere mensen raken sneller beschadigd en er overlijden ook mensen", fertelt Gerritsen. Ek de ympakt op de omjouwing fan pasjinten is grut: "Het is besmettelijk. We verplegen geïsoleerd. En als iemand ernstig ziek is, wordt ook de omgeving preventief behandeld met antibiotica."

Hiel oars as corona

Dizze ynfeksje liket totaal net op it coronafirus. "Corona is een virus, de groep-A-streptokok is een bacterie. We kennen die bacterie al langer. Het is niet met elkaar te vergelijken. Het geeft een totaal ander ziektebeeld. Het heeft ook verschillende uitingen," seit Koorevaar.
Yn jannewaris 2023 kamen yn ús lân 99 meldingen binnen fan de fleisitende baktearje, ek wol GAS-ynfeksje neamde. Yn febrewaris wienen it 143 meldingen, yn maart 132 en yn april 92.
Boarne: RIVM