Sa sjocht de grutste sânoperaasje ea derút op It Amelân

In enoarm soad sân wurdt op dit stuit by de westkust fan It Amelân oanbrocht troch Rykswettersteat. Dat smyt bysûndere plaatsjes op fan de loft út. It is nedich dizze sânsuppleesje te dwaan om de kustline op it goede plak te hâlden.
Goed trije miljoen kúb sân sil út de Noardsee nei it eilân ta brocht wurde. Dêr hat Rykswettersteat wol in pear moannen foar nedich; fan maaie oant en mei augustus 2023 farre baggerskippen op en ôf.
Dy sûgje it sân fan de boaiem ôf, dat dan wer dan fia in lieding it strân op spuite wurdt. Troch de wyn waait it sân rjochting de dunen en kin it de kust ferstevigje.