Natuer is de fiedingsboaiem foar keunstner Doet Boersma

De yndrukken dy't Doet Boersma opdocht yn de natuer, wit se al desennialang oer te setten yn kleurrike keunstwurken. Dêrfoar gie se ek geregeld de grins oer, as 'artist-in-residence'.
Hieltyd wer fernije. Dat is it adagium fan keunstner Doet Boersma. Se is foaral bekend fan har felkleurige lânskippen. Twa jier lyn brocht se lykwols 'Fertile soil' út. In boek mei keunstplaatsjes fan boaiems yn ferskate omstannichheden, begelaat mei tekst.

Driuwende krêft

"De iene groep seit dat ik it better by lânskippen hâlde kin, en de oare moediget it just oan", seit Boersma. "It hat dan ek gjin sin om dernei te harkjen. Ik tink dat it goed is om nij wurk te meitsjen. En dat is net wat dêr't ik bewust nei op syk hoech. It is in driuwende krêft."
It meitsjen fan har wurken hat Boersma op ferskate plakken dien. Sa gie se ûnder oare oan de slach yn Ierlân en Amearika. "Ik waard as artist-in-residence frege om dêr te wurkjen. De reis en it ferbliuw wurdt dan foar dy as gast betelle", seit de ynwenster fan Oentsjerk.
It is ynspirearjend om yn in oare omjouwing te skilderjen.
Keunstner Doet Boersma
"Foar de minsken dêr is dat moai, om't sy yn myn gefal sjogge hoe't ik nei harren lânskip sjoch. En se meitsje mei hoe't ik wurkje. Foar my is it dan wer ynspirearjend om yn in oare omjouwing te skilderjen."
Yn 2017 wurke se twa moannen yn Ierlân, dêr't se op de keunstakademy in Amerikaanske keunstdosint tsjin it liif rûn. "Ik fertelde oer myn keunst en waard útnûge om ek yn Amearika te skilderjen", seit se. "En dat ik earder yn Hongkong wurke hie, makke it foar harren ek nijsgjirrich."

Fryslân nei it aventoer

Dy stêd stie neffens eigen sizzen net bepaald boppe-oan har listje, mar se besleat dochs om har ezel, kwasten en ferve yn te pakken. "De earste dagen doarde ik dêr amper de strjitte op. Sa drok is it yn Hongkong. Net te leauwen watfoar minskemassa dêr op dy ôfkomt as it fuotgongersljocht op grien springt."
Nettsjinsteande dat se graach it aventoer oangiet, komt Boersma altyd graach werom nei Fryslân. "Ik fiel my dêrmei ferbûn. Boppedat haw ik yn Ljouwert in moai, grut atelier dêr't ik skilderje kin."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei 1 op 1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
Op de middelbere skoalle wie it foar har omjouwing al dúdlik hokker kant oft se opgean soe. "Ik hearde in soad minsken sizzen dat ik goed passe soe op de keunstakademy. Se fûnen dat ik aardich tekenje koe. Dochs luts dat my doe net. Ik hie ek hielendal gjin rolmodel."
Moarns ier oant jûns let wie ik mei keunst dwaande.
Doet Boersma oer har tiid as student
Se keas foar de dosinte-oplieding op de Ubbo Emmius, om dêrnei dochs noch by Minerva oan te klopjen. "Ik wie dolentûsjast. Leare oer wat my ynteressearre. Geweldich fûn ik dat. Fan moarns betiid oant jûns let wie ik mei keunst dwaande."

Kunstacademie Friesland

Om ek oaren groeie te litten yn it keunstnerskip, rjochte Boersma acht jier ferlyn yn Ljouwert 'Keunstakademy Fryslân' op, dêr't sy oant op de dei fan hjoed de driuwende krêft is. De akademy is in brede fakoplieding mei in soad dissiplinen en nivo's. Letter waard it in stichting.
"Ik krige ferlet om my fierder te ferdjipjen. Mear nei te tinken oer de ûnderwerpen op dat mêd. Dêr kaam Keunstakademy Fryslân út. Mei in lyts team begeliede wy alle jierren mear as twatûzen learlingen."

Swier mar befredigjend

In yntinsive ûndernimming, jout se ta. "As ik yn it foar witten hie dat ik it sa drok krije soe, hie ik miskien wol twivele. Want der gean in hiel soad oeren yn sitten."
"Oan de oare kant is dit wurk mear as leuk. Boppedat folje we in gat op. Der is nammentlik in soad omtinken foar bygelyks sport, dûns en muzyk. Mar byldzjende keunst bliuwt ûnderbeljochte", seit Boersma. "Dêrom is dit wurk ek sa befredigjend."

De top 5 fan Doet Boersma

Artyst Nûmer
Nick Cave and the Bad Seeds Red Right Hand
Debussy Rêverie
America A Horse With No Name
Gabriel's Aboe Ennio Morricone
Molly Johnson If You Know Love