Súdwest-Fryslân lûkt 1,5 miljoen euro út foar ferbetterjen ferkearsfeiligens

De feiligens fan fytsers sil mei it jild ferbettere wurde © Ronnie Porte
Om de ferkearsfeilichheid yn de gemeente te ferbetterjen stekt Súdwest-Fryslân 1,5 miljoen euro yn de oanpak fan ûnfeilige plakken. Dat gebeurt ûnder oare by Boalsert, Nijlân en Snits.
De gemeente hat lokaasjes yn kaart brocht dêr't de ferkearsfeilichheid better kin. Dat giet ûnder oare om diken mei de maksimumsnelheid fan 30 kilometer yn 'e oere, dêr't auto's op ride. Mar ek 50-kilometerdiken dêr't fytsers op ride, bygelyks.
In part fan it jild is om de feilichheid foar de fytsers te ferbetterjen. Neffens de gemeente wurdt dat nammentlik in hieltyd wichtiger ferfiermiddel. Troch de gemeente feiliger te meitsjen, moat it brûken fan de fyts stimulearre wurde, sawol foar minsken dy't nei it wurk ta moatte as foar rekreatyf gebrûk.

Subsydzjes

Projekten dêr't de gemeente de kommende jierren spesifyk oan wurket, binne it ferleegjen fan de maksimumsnelheid op de Snekerstraat yn Boalsert, in fytsfoarsjenning ûnder it fiadukt A7 by Nijlân en it feiliger ynrjochtsjen fan de Johan Willem Frisostraat yn Snits.
De oardel miljoen euro komt foar in grut part út subsydzjes fan it Ryk. Betingst by dy subsydzje is dat it jild ynset wurdt op lokaasjes dêr't in heger risiko op ûngelokken is.