Griet Wiersma seach 'fakfrou' Tina Turner live: "Sa'n enerzjy, net te leauwen"

Tina Turner yn 1996, it jier dat se ek twa kear yn Thialf spile © ANP
"Tina Turner wie in echte fakfrou. Der stie echt wat, it brûsde." Dat seit Griet Wiersma oer de Queen of Rock 'n Roll, dy't juster op 83-jierrige leeftiid stoar.
Trije kear stie Turner yn Thialf: ien kear yn 1990 en twa kear yn 1996. Wiersma wit net mear wannear, mar by ien fan dy konserten wie se derby. En se wie ûnder de yndruk: "Se kaam sa'n trepke ôfrinnen op hege hakken en mei dat koarte rokje fan har. Se sette echt wat del."
Wiersma har man Leo is ek grut fan. Jûns sitte se wolris wat op YouTube te sjen fan Tina Turner. "Dan komme we hast net mear op bêd, want dan bliuwst mar sjen. En wat sa moai is: se sjongt en dûnset like hurd. Dat is net te leauwen."
Dat is net te dwaan.
Griet Wiersma oer tagelyk sjonge en dûnsje
Sels stiet Wiersma fansels ek geregeld op it poadium. Se wit dêrom goed hoe dreech oft it is om tagelyk te sjongen en te dûnsjen. "Ik bin wolris by it linedancen. Dan sizze se dat ik wol even meidwaan kin, en dan ek noch sjonge. Mar dat is net te dwaan."
Griet Wiersma by in optreden © Omrop Fryslân
"Ik fyn it al knap hoe't manlju as Piter Wilkens en Gurbe Douwstra tagelyk in ynstrumint bespylje en sjonge, dat is al in keunst. Mar dan ek noch dûnsje? Net foar te stellen."
Wiersma hat har eartiids noch wolris foardien as Tina Turner by in playbackshow. "Doe stie ik dêr yn sa'n koart jurkje, it hier hielendal optyske. En 'Simply the Best' mar playbacke, dat wie fantastysk."
"In jier letter ha ik ek noch 'Tonight' dien mei in buorfrou: sy spile David Bowie, ik Tina Turner. En yn de orizjinele fideo bestoarmet in fan it poadium, dat ha wy hielendal neidien."
De muzykkarriêre fan Turner begûn al yn de jierren 50. "Mar de Tina fan letter, dat wie myn favoryt. Se hie sá'n enerzjy as se op it poadium stie. Se gie der finaal foar. Al behoarlik op leeftiid en noch stie se te dûnsjen en te giseljen. En se wie harsels. Dat is it belangrykste, moatst gjinien neidwaan wolle."