Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân

Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân
Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. Foar it earst is de tocht oant 22.00 oere live te folgjen fia radio, telefyzje en online by Omrop Fryslân, RTV NOF en Omroep Zilt.
Fan 08.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio, online en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei wannear't de dielnimmers krekt ûnderweis binne. Middeis wurdt der sjoen by de stimpelpost yn Aldemardum. Dêr wurdt praat mei de fytsers en it publyk. Fierder is Timo Jepkema op 'en paad as de fleanende ferslachjouwer om yn de ferskate stêden it evenemint fêst te lizzen.

Motorkamera

Op telefyzje en op de webside en app binne de hiele dei bylden fan de fytsers te sjen. Simone Scheffer, ús fytsende ferslachjouwer, fytst ek dit jier wer yn de tocht mei. Nij dit jier is dat Simone folge wurdt troch in motorrider dy't har de hiele de tocht filmet. Op dy wize kin Simone noch better ferslach dwaan streekrjocht fan de tocht út.

Oant 22.00 oere

Eltsenien kin dit jier foar it earst de tocht oant 22.00 oere live folgje by Omrop Fryslân. De lêste fytser wurdt om 21.55 oere live binnenhelle.
De Fytsalvestêdetocht wurdt útstjoerd yn gearwurking mei RTV NOF en Omroep Zilt op Pinkstermoandei, 29 maaie. Fan 08.00 oere ôf is de tocht te folgjen by RTV NOF, Omroep Zilt en Omrop Fryslân fia radio, telefyzje en online.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 299 7876. It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.