Fryske goalgetter Fenna Kalma makket toptransfer nei Wolfsburg: "klein beetje verrast"

Fenna Kalma © ANP
Fuotbalster Fenna Kalma fan Haskerhoarne spilet takom seizoen foar VfL Wolfsburg. Nei fjouwer FC Twente seit se oan in nije útdaging ta te wêzen.
Foardat Kalma (23) by Twente kaam te fuotbaljen, spile se foar sc Hearrenfean. Yn Enschede waard se de ôfrûne twa jier topskoarer fan de earedivyzje.
Yn de ôfrûne seis jier spile se foar de twa klups yn totaal 99 wedstriden, wêryn't se 113 kear skoarde. Ferline seizoen waard se útroppen as bêste spylster fan de earedivyzje.
De ynteresse fan Wolfsburg seach sy net hielendal oankommen. "Toen ze contact met me opnamen, was ik daar erg blij mee, maar toch ook wel een klein beetje verrast. Zo'n mooie en grote club die mij wil, maar het voelde wel gelijk goed."

Mear kâns by Oranje

Yn septimber makke Kalma har debút yn Oranje en doe skoarde se ek fuort. Yntusken hat se no fiif ynterlannen en twa goals op har namme stean.
Mei it feit dat dizze stap har kânsen by it Nederlânsk alvetal wolris fergrutsje kin, is sy sels net bot dwaande. "Maar als ik me daar ontwikkel, zal het natuurlijk meehelpen."

Topklup yn it frouljusfuotbal

Wolfsburg is in ynternasjonale topklup yn it frouljusfuotbal. Kommende wike steane de Dútsers yn de finale fan de Champions League tsjinoer Barcelona. Op dit stuit spylje der ek al trije Nederlanners by Wolfsburg: Jill Roord, Lynn Wilms en Dominique Janssen.
"Ik heb een erg fijne en leerzame tijd gehad bij FC Twente", seit Kalma. "Ik heb daar mogen samenwerken met mooie mensen. Daarvoor ben ik de club dankbaar. Nu ben ik klaar voor een volgende stap in mijn carrière."

Bundesliga

De stap fan de earedivyzje nei de Bundesliga is neffens Kalma wol in flinke trap nei boppe. "Ze staan in de finale van de Champions league en doen altijd mee om de prijzen in de Bundesliga. Het is een grote, maar mooie stap die goed is voor mijn ontwikkeling als voetbalsters en als mens."
Kalma sil mei in iepen blik nei Dútslân ta en hat net in tal goals foar eagen dy't sy meitsje wol. "Ik wil het team helpen en mezelf ontwikkelen. Ik denk dat Wolfsburg een mooie club is om dat te doen."
Kalma tekenet in kontrakt oant 2026 by Wolfsburg.