Nyck de Vries hat nocht yn Monako: “Gaaf om hier te racen”

Nyck de Vries fynt it moai om yn Monako te racen © Red Bull Content Pool
It Formule 1-sirkus strykt dit wykein del yn Monako. Bekend terrein foar Nyck de Vries, dy't yn syn wenplak op jacht giet nei syn earste WK-punten.
Resultaten út it ferline biede gjin garânsje foar de takomst. Mar foar syn selsfertrouwen kin it beslist gjin kwea dat Nyck de Vries goede oantinkens hat oan it racen yn it prinsdom. Sterker: op dit sirkwy kin er goed út 'e fuotten.
"Monaco is één van de hoogtepunten van het seizoen", fertelt De Vries. "Het is bovendien een soort thuisrace voor mij, aangezien ik daar woon. Daarnaast is het circuit zelf ook heel bijzonder, net als de sfeer tijdens het weekend."

Twa kear wûn

De 28-jierrige koereur hat al ferskate kearen yn Monako racet. "Mijn eerste Formule 2-overwinning was tijdens de sprintrace in 2017." Yn 2019 wûn er boppedat de haadrace fan poleposition ôf. "Heel bijzonder dat me dat gelukt is."
Yn de Formule 2 wûn Nyck de Vries twa kear yn Monako © Red Bull Content Pool
Dy baankennis en goede resultaten sille De Vries helpe moatte yn syn jacht op WK-punten. De AlphaTauri-koereur stiet ûnder druk om te prestearjen. Helmut Marko, de grutte baas by grutte broer Red Bull, hat oanjûn dat De Vries him écht bewize moat en dat er dêr yn alle gefallen trije races de tiid foar krijt.
As er him ferbetteret, sil in koereurswiksel net nedich wêze.
Helmut Marko, motorsportbaas by Red Bull
Tsjinoer F1-Insider ferklearre Marko: "De kommende trije races gebeurt der neat. We ha mei Nyck praat en hy is it mei ús iens: it moat better. It ferskil mei teamgenoat Yuki Tsunoda is te grut. Om yn fuotbaltermen te praten: Nyck hat in giele kaart krigen, mar noch gjin reade. As er him ferbetteret, sil in koereurswiksel net nedich wêze."
In punt skoare soe dus ideaal wêze. Mar Monako is in dreech sirkwy. Foarôfgeand oan it racewykein beklammet De Vries benammen hoe moai oft er it fynt om der no as Formule 1-koereur race te kinnen.
"Als ik normaal door Monaco rijd, word ik er steeds aan herinnerd dat het een week lang een circuit is. Bijzonder. Want net voor de ingang van de tunnel, sla ik normaal gesproken linksaf om naar mijn appartement te gaan."

Thús sliepe

It begryp thúsrace krijt yn Monako dus in oare lading, omdat de measte koereurs der wenje. "Hier racen betekent inderdaad dat ik thuis kan slapen."
"In het verleden heb ik een keer gedacht dat het me zou helpen de raceomgeving meer te voelen als ik in het teamhotel zou blijven. Dat werkte totaal niet. Het gevolg was uiteindelijk dat ik met mijn toilettas op de scooter steeds heen en weer reed tussen mijn huis en het hotel."