Plysje ûndersiket nei 50 jier wa't oanspielde persoan by Wierum is

Yn Ternaard is in anonime deade opgroeven foar ûndersyk nei de identiteit. De persoan spielde yn 1970 oan achterdyk by Wierum.
"Der is in lyk fûn", sa gie it troch it doarp op dy 15de july 1970. Foar de Wierumers wie dat in reden om der fuortendaliks hinne te gean. It libben spile him doe noch folle mear bûtendoar ôf, op strjitte en op en achter de dyk.
Se moasten der in lyts stikje foar rinne, want it lichem lei westlik fan de toer, in eintsje it doarp út rjochting it Skoar. In tsjûge mei wa't Omrop Fryslân praat hat, fertelde dat it net op it basalt by de wetterkant lei, mar op it gers, heger op de dyk.
De tsjûge wol graach anonym bliuwe. De namme fan de tsjûge is by de redaksje bekend.
"It wie in lyts persoan. Ik tocht dat it in bern wie. Letter hearde ik dat it om in folwoeksene gie, sûnder skonken of mei lytsere skonken." It wie net te sjen oft it om in man of in frou gie.
Identiteit dreech te achterheljen
By it doarp oan see spielden wol faker deade minsken oan. Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene it benammen omkommen piloaten of bemanningsleden fan delstoarte militêre fleantugen dy't de Waadsee priisjoech. Dêrnei gie it faak om opfarrenden fan skippen. Omdat der doe noch gjin DNA-ûndersyk wie, wie it dreech de identiteit fan de deaden te achterheljen.

De Wierumer ûnbekende deade fan 1970 waard begroeven yn Ternaard, yn in anonym grêf. Lykas bekend wurde tsjintwurdich goede resultaten boekt mei DNA-ûndersyk. Sa waarden in pear jier ferlyn in trijetal ûnbekende deaden jierren en jierren nei de fynst dochs noch identifisearre.
'Mis je mei'
De moanne maaie stiet yn it ramt fan ûndersyk nei de identiteit fan fermiste deaden. 'Mis je mei', sa neamt de plysje de aksje. De plysje ropt famylje fan fermiste persoanen op om dochs foaral DNA ôf te stean.
Fan de oerbliuwsels fan de Wierumer deade is no ek DNA ôfnaam. De restanten binne wer opnij begroeven yn Ternaard. Mocht de identiteit fêststeld wurde, dan kin der in werbegraffenis plakfine as de famylje dat wol.