Ferpakkingsfrij boadskippen dwaan: yn lytse stapkes nei 'zero waste'

Van der Wal brûkt bygelyks waskbere watteskyfkes © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ferpakkingsfrij boadskippen dwaan. Dat kin neffens Lieneke van der Wal út Ljouwert, mar wol yn lytse stapkes. Sy is gids fan in Zero Waste-toer. Dy kuiertocht giet sneon troch Ljouwert by winkels del mei as doel minsken bewust te meitsjen fan it feit dat it ek wol mei minder ôffal kin.
It is de wike sûnder ôffal. De útdaging is om sa min mooglik wei te smiten. Thús by toergids Lieneke van der Wal sjogge we wat sy sels docht om smoargens te ferminderjen.
"Ik vond het zelf heel gemakkelijk om in de badkamer te beginnen. Bijvoorbeeld met uitwasbare wattenschijfjes. En een herbruikbaar wattenstaafje van siliconenmateriaal. Het ligt gewoon in mijn badkamer en ik hoef het niet te vervangen."
Lieneke van der Wal wol foar sa min mooglik ôffal soargje
Fierders hat se tabletten foar it toskboarsteljen. "Daar heb ik een abonnement op. Dus voordat de tabletten op zijn, krijg ik alweer nieuwe in de brievenbus. Dat is een mooi gemaksproduct."
"Het is wel even wennen in het begin, maar ik vind het nu eigenlijk veel lekkerder. Je kauwt op het tablet. Je moet wel een natte tandenborstel hebben. Dan krijg je dat schuimgevoel in je mond. Waar ik nieuwsgierig naar was, is wat mijn tandarts ervan zou vinden. Ik heb een paar controles gehad en mijn tandarts is ook tevreden."
Mei tabletten foar it toskboarsteljen besparret se ferpakkingsmateriaal © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Itensboadskippen fynt se dreger. "Wat ik nu doe is onder andere bestellen bij Van Boer naar Buur. We komen met de Zero Waste-toer ook langs hun afhaalpunt. De yoghurt komt bijvoorbeeld van een boer, waarbij we gebruik maken van een statiegeldfles."
Hieltyd faker kinst by supermerken en bygelyks bakkers dyn eigen tas meinimme foar de ferpakking. "Het is eerder de schroom die je zelf voelt als consument dan dat de winkelier zegt: 'Ik sta er niet voor open'."

Yn lytse stapkes ôffal ferminderje

Van der Wal hat har ôffal mei de helte fermindere. Hielendal neat, dat sil net slagje. "Het is een ambitie om naar zero te streven. Het mooie is dat je best wel snel kleine stappen kunt maken, waardoor je steeds minder afval gaat produceren. Een omslag maken van vandaag op morgen naar helemaal geen afval is wellicht een uitdaging. Maar langzamerhand steeds minder, dat is zeker makkelijk haalbaar."
Yn totaal sille dizze wike op ferskillende plakken sa'n trijehûndert minsken op in Zero Waste-kuiertoer sjen wat se oan ôffal ferminderje kinne. Yn Ljouwert binne der njoggen dielnimmers oan de rûnlieding.