'Vriendenploeg' Jong Cambuur belibbet unyk seizoen, mar ferliest bekerfinale

Jong Cambuur ferliest de bekerfinale nei strafskoppen © Dijks Fotografie
It kontrast kin hast net grutter. It earste fan SC Cambuur hat in dramatysk seizoen, wylst Jong Cambuur dit jier krekt in unike prestaasje delset.
Ferjit spilers as Mees Hoedemakers en Mitchel Paulissen. Yn stee dêrfan binne Marcel Schaapman en Kyron van der Kaap nammen om yn de gaten te hâlden. Se spylje by de beloften fan Cambuur en dat team makket dit seizoen yndruk.
Sa promovearre de ploech fan trainer Jeroen Burghout dit seizoen twa kear, wêrtroch't Jong Cambuur nei de simmer útkomt op it heechste nivo foar beloften. Mar dat net allinnich: it team helle ek de bekerfinale troch ûnder oare FC Twente en Feyenoord út te skeakeljen.
Mei fjouwer haadrolspilers sjogge we nei it bysûndere seizoen fan Jong Cambuur: trainer Jeroen Burghout, spiler Jhondly van der Meer, haad jeugdoplieding Fedrik Houtstra en Sjors Ultee, de trainer fan it earste.

Jeroen Burghout

"De oorzaak van het succes is de saamhorigheid", seit de 38-jierrige coach. "Het is misschien een beetje een cliché, maar we zijn echt een vriendenploeg. Tussen de staf en de spelers klikt het ook. Iedereen wil beter worden."
As trainer fan in belofteploech binne je altyd tsjinstber oan it earste alvetal. "Wij proberen de jongens klaar te stomen voor het eerste", wit Burghout, dy't Jong Cambuur no trije jier ûnder syn hoede hat. "Dertien jongens hebben het betaald voetbal gehaald, ook elders."
Trainer Jeroen Burghout fan Jong Cambuur © Dijks Fotografie
As it oan de Apeldoornske coach leit, bliuwt it net by dy trettjin spilers. "Ik denk dat er zeker nog een aantal talenten in de eerste divisie kan gaan doorstromen."
Opfallend is dat it Jong Cambuur foar de wyn giet, yn tsjinstelling ta it earste. Al moatte we dat net mei-inoar fergelykje, fynt Burghout. Hy sjocht nei syn eigen ploech. "We hebben een supermooi seizoen met twee promoties en de bekerfinale. De trotsheid over mijn groep overheerst."
Dat zou wel een logische en mooie stap kunnen zijn.
Jeroen Burghout wol wol assistint wurde by it earste
Net allinnich foar spilers kin Jong Cambuur in opstapke nei it earste wêze, dat kin dat ek foar trainers jilde. Der komt romte yn de technyske stêf by it flaggeskip, om't der mei Pascal Bosschaart en Rob Alflen twa assistint-trainers fuortgeane. "Dat zou wel een logische en mooie stap kunnen zijn", tinkt Burghout.
Hoe't it takom seizoen komt, wit Burghout lykwols noch net. "Ik had gehoopt al iets te weten. Ik zal binnenkort wel horen wat ze met me willen."

PEC Zwolle wint bekerfinale nei strafskoppen

It hie de kroan op it topseizoen wurde moatten, mar Jong Cambuur ferlear woansdeitejûn de bekerfinale fan Jong PEC Zwolle. Krekt nei it skoft sette Denzel Kuijpers de thúsploech op foarsprong op it sportkompleks fan de Zwolske amateurferiening Be Quick'28.
Yn de slotsekonden fan de blessueretiid krige Cambuur in strafskop. Milan Smit miste, mar de rebound waard binnensketten troch Amin Rehmi. Yn de ferlinging waard dêrnei net skoard, mei in strafskoppesearje ta gefolch.
Dy begûn mei tweintich minuten fertraging, nei't de ljochten útgien wiene. Foar Cambuur misten Matthias Nartey en op 'e nij Smit, wylst by PEC mar ien spiler miste.
Dêrtroch grypt de ploech fan Jeroen Burghout njonken de nasjonale beker. "We speelden niet goed, maar op wilskracht halen we er nog een verlenging uit. Dan verdienen deze jongens het om zichzelf te belonen. Dat hebben we niet gedaan", seit Burghout.
Jhondly van der Meer treastget schlemyl Milan Smit © Dijks Fotografie
Yn de earste seizoenshelte siet Jhondly van der Meer noch by it earste, mar nei de winterstop spile en trainde er by Jong Cambuur.

Jhondly van der Meer

Nettsjinsteande dat Van der Meer net it hiele seizoen by de beloften spile hat, wit er wol wêrtroch't se sa suksesfol west ha dit seizoen. "Of je nou uit het eerste komt, uit de onder 16 of uit onder 18, het maakte niet uit. Het was een echt team. Daardoor zijn we zo ver gekomen", seit de Ljouwerter.
De 21-jierrige ferdigener sjocht dat it gat mei it earste alvetal hieltyd lytser wurdt. As der ien is dy't it witte kin, is it Van der Meer. "Je merkt aan de jongens dat het niveau bij de beloften steeds hoger wordt."
En úteinlik is foar eltse spiler it doel om te berikken wat Van der Meer al berikt hat: debutearje yn it earste. "De spelers kunnen zichzelf laten zien. Er zitten goeie voetballers tussen en zo kunnen we wat spelers afleveren aan het eerste."
Amin Rehmi skoart foar Cambuur yn de bekerfinale © Dijks Fotografie
Ien fan de taskôgers by de bekerfinale is haadtrainer Sjors Ultee.

Sjors Ultee

"Ze draaien een heel knap jaar", seit Ultee oer de beloften. "De hele opleiding gaat goed, want ook onder 18 is ook gepromoveerd. Voor de club is het veelzeggend dat er op veel gebieden stappen gemaakt worden."
Utsein it earste dan. In goed healjier lyn waard Ultee haadtrainer en hy liet al ferskate spilers fan de beloften meitraine mei it earste. "Je ziet dat het niveau van de beloften echt aan het stijgen is."
Der binne ek al ferskate spilers fan Jong Cambuur trochstreamd nei it earste, sa as Brett Minnema, Floris Smand en Milan Smit. En dêr bliuwt it net by, ferwachtet Ultee. "Als ik op trainingen af ga, zijn er genoeg talenten die op de deur kloppen."
De technyske stêf fan Jong Cambuur © Dijks Fotografie
Jong Cambuur is ûnderdiel fan de jeugdoplieding. Oan it haad dêrfan stiet Fedrik Houtstra.

Fedrik Houtstra

Hy kin koart wêze oer de prestaasjes fan de beloften. "Het is heel uniek. Van divisie drie naar twee naar één promoveren, is natuurlijk hartstikke knap."
Dat Jong Cambuur nei de simmer op it heechste nivo spilet, is goed foar de ûntwikkeling fan de spilers, seit Houtstra. "Dan is de stap naar de eerste divisie zo klein mogelijk."
Elts neidiel hat syn foardiel wat dat oanbelanget. Want mei de degradaasje fan it earste alvetal wurdt de stap dêrneita fanút de jeugd lytser. "Als je vanuit het perspectief van een jeugdspeler kijkt, is het makkelijker om de stap naar de eerste divisie te maken dan naar de eredivisie."
Mar, sa seit Houtstra: "Voor ons als club was het in alle opzichten veel beter geweest als we in de eredivisie waren gebleven."